contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column (2010-06), Keatser, lit de lju lûd roppe!

Hy stie der wer hear, yn Dronryp. Dy grutte út Minnertsgea. 37 jier, dus in âld man neffens de oare keatsers. Alwer twa jier lyn ophâlden mei keatsen, mar hy slacht se noch allegearre om.

Twa frije formaasjepartijen, twa krânsen, twa Keningstitels. Hoe is soks yn ’e goedichheid mooglik? Chris is dus noch altyd de bêste. Dat wol sizze, oan ’e opslach, want yn it perk sjogge wy him net mear. Is de druk fan it moatten fuort, no’t hy ‘allinnich mar ynfalt foar Johan’? Is hy yn dy twa jier tiid safolle rêstiger wurden, dat er no mar sa’n bytsje missers mear makket? Nochris: hoe is soks yn ’e goedichheid mooglik? Twa jier lang út en troch wat heinebalje, mar net serieus mear yn trening en dan, sa’t it liket, sûnder serieuze tsjinstân de prizen meinimme? Johan van der Meulen prikte in feninich puntsje oan: mei him, Johan, as opslagger, rûn it net yn syn partoer mei Jacob Wassenaar en Marten Feenstra. Marten wurdt beskôge as in grut talint, dy’t syn eigen mooglikheden net ken. Dochs kin hy gjin potten brekke. Johan rekket slim blesearre, Jacob en Marten keatse tydlik mei Chris en fuort kinne de spikers mar yn’e muorre. Hoe grut is dy keatssport eins, dat soks kin? Wy wolle graach dat it keatsen as topsport bedreaun en sjoen wurdt. Sponsors moatte der komme, professionele teams mei in in hiele trits oan begelieders foar spieren, iten, materiaal en sinteraasje. De KNKB wol professionalisearje, giet nei it Hearrenfean, it Mekka fan alles wat der op sportmêd yn Fryslân te finen is. Keatsskoallen wurde út ’e grûn stampt. Mar wêrfoar eins? Is ús sport, wêr’t wy och sa wiis mei binne, wol oan sok sta? Komt it der ea oan ta? Moatte wy soks wol wolle? Neam my in sport, hoe lyts en neat betsjuttend ek, wêr’t immen twa jier nei syn ôfskied op it heechste nivo, op sa’n wize werom komme kin? Of nee, net werom komme, gewoan efkes delkomme, om ien te ferfangen. Sjogge jo it foar jo: Van der Vaart rekket blesseard en Bert van Marwijk bellet Dennis Bergkamp efkes op: ‘Jonge, wy sitte oan, kinst noch efkes mei?’ Gjin kwestje fan, dat dy jonge it nivo no noch behappe kin. Fansels, der binne guon topsporters dy’t efkes ophâlde en dan dochs werom komme, mar dy komme dan ek hielendál werom: trene har in slach yn’e rûnte en besykje dan wer yn ’e top mei te draaien. Gerard van Velde die dat as reedrider hiel aardich. Lance Armstrong waard sels noch wer in kear twadde yn ’e Tour de France. Mar hielendal ophâlde en dan ‘Veni, Vidi, Vici’? Dy eare is skynber allinnich foarbehâlden oan Chris. Soks past dan grif by de keatssport. Chris hâldde twa jier lyn op, wie doe neffens eigen sizzen al oer syn top hinne. No, twa jier letter, soe dy top logyskerwize al hielendal fier út it sicht wêze moatte. Mar hy stapt by syn broer en Marten Feenstra yn it partoer en regearret wer mei izeren hân. Twa jier gjin trening foar Chris, twa jier yntinsive trening foar al dy oaren. In ferskil fan fjouwer jier soene jo sizze. It hat neat opsmiten. Is Chris sa útsûnderlik goed, of binne de keatsers fan no mar middelmjittich? Der sieten yn Dronryp tûzen minsken om it fjild by de finale, sa waard my sein. In knoarre. Yn Doanjum kamen der, geandewei de dei, ek hieltyd mear. It kanon fan Minnertsgea wie der ommers noch oan? Minsken wolle har identifisearje mei sport en sporters. Chris sprekt ta de ferbylding. Foaral no, no’t hy efkes werom is. It keatsen wol profesjoneel wurde, mar moat soks? As it mooglik is dat De Reus de minsken sa nei it fjild lûkt, lit it keatsen dan sa lyts bliuwe as it is. Wa wit binne der yn ’e kommende jierren noch mear ‘oudgedienden’ dy’t it paad werom fine nei it fjild, al is it ek mar foar in pear wiken. “Keatser lit de lju lûd roppe, siz neat en slaan de ballen boppe”, sa stie it 25 jier lyn ris op in standerke dat ik wûn by it ledekeatsen. In lyts famke wie ik noch en ik begrypte dy drege tekst net. No al. Nei twa wiken Chris is it mear dúdlik as ea tefoarren. Chris lit ús roppe en beare, hy is it gesprek op it fjild en yn ’e media. En dat yn positive sin. Soks ha wy yn jierren net meimakke: dat der fleurich oer it keatsen praat waard. Lit it sa bliuwe. It mei dan net topsport-weardich wêze dat sa’n âldfader noch baas is op it fjild, it foldocht my poerbêst! Martsje de Jong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers