contact zoeken wedstrijden

Uitslag eerste wedstrijd in 2008 van de 55+ kaatsers

De 55+ hat ferline woansdei it sealkeatsen fan 2008 om 10.00 oere iepene mei de wedstryd yn de Trije yn Frjenstjer en dat wie gelyk in moaie gelegenheid foar de mannen om elkoar in lokkich, sûn en sportyf 2008 ta te winskjen.

De priiswinners mei de krâns, flnr: Albert Kinderman, Kees Sikkema, Jan van der Vlugt en Gerrit de Jong De C-klasse wie oan bar om mei earsten gelyk te begjinnen en omdat der “mar” 108 keatsers op de list stienen, wie dat de lêste partij net mear nedich. De A-klasse keatste dizze kear mei “fjildreglemint”, dat wol sizze in foarbêst en foarminst opslach, en net sa as yn de oare klassen om bar in hiel earst opslaan. In oantal keatsers wolle dat graach san no en dan. By de A-klasse wie Hans Hilarides like goed as Gerrit de Jong, mar it lot besliste, dat Gerrit de Jong de krâns krige. Om 17.00 oere rikte Foppe de Vries yn gearwurking mei Minne Soepboer de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, die trije kear wûn hienen. A-klasse: 1e. Hans Hilarides, Sint Jabik en Gerrit de Jong, Ysbrechtum 3e. Jouke de Roos, Luttelgeest 4e. Jan Veenstra, Apeldoorn B-klasse: 1e. Kees Sikkema, Dronten 2e. Anne Dijkstra, Ljouwert 3e. Monte Hallema, Frjenstjer 4e. Siep Berkepas, Balk 5e. Johannes Oudendag, Arum 6e. Piet Stellingwerf, Harns C-klasse: 1e. Jan van der Vlugt, It Hearrenfean 2e. Joop Faber, Deinum 3e. Bauke Jousma, Menaam 4e. Joop Wassenaar, Biddinghuizen D-klasse: 1e. Albert Kinderman, Oentsjerk 2e. Sipke Wiersma, Sint Jabik 3e. Daan Stellingwerf, Minnertsgea 4e. Louw Herrema, Slappeterp

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers