contact zoeken wedstrijden

De Keatssite Column(2010-17), Hop Hop Hynke…

Te keap: njoggen Fryske hynstefollen. Te befreegjen by likefolle keatsers. Sa soe de advertinsje der hast út sjen kinne, hjoed yn’e kranten. Of soene de priiswinners fan juster harren kêdde net stean litten ha, yn ruil foar it kevert mei sinten, dy’t hja ek kieze mochten fan it bestjoer fan OKK Bitgum? foto: Henk Bootsma fotografie

Der sil nei ôfrin yn’e kantine noch wol in setsje oer praat wurden wêze, nim dat mar fan my oan. It wie jo grif net ûntgien: hjoed wie it wer lustrum foar OKK en dus waarden der op’e Van Aismapartij wer njoggen hynstefôllen ferkeatst. Soks ropt fier, it is der tradysje, elk wit derfan en der komme alle kearen wer withoefolle minsken op ôf. In knoarre publyk dus, hjoed yn It Bosk. Prachtich hear, mar wat stiet de sneon dan wer yn skril kontrast. Ferline jier skeau ik it hjir ek al: op sneon oardel man en in hynstekop. Dat wie fan’t jier net oars. En hjoed? Ik ha se net teld, mar ik soe foar gjin goud allegearre in bakje kofje oanbean ha, dan hie’k no lut west. En gjin oardel hynstekop, mar njoggen lytse hynstekopkes, dan noch ien foar de seas, twa ûnder it sadel en twa grouwe Belgen, om Johan van der Meulen nei België te bringen. Dy mei wol om in knap stik lân en in stâl út, want hy wûn ek noch de twadde priis mei syn maten. Ludyk wie it: yn it skoft foar de heale finale it ôfskie (wylst hy noch in finale keatse moast) fan de Kening fan’e Broek. Hy mocht in rûntsje op in Belch by it publyk lâns, mar de bok sette de sokken der yn en Johan sprong der gau ôf. Hilariteit fansels. En dêr komme wy foar: wille op it fjild. No en dan ris wat oars. Ik wit noch dat Johannes van Dijk ris in fyts fan it poadium pakte, ek yn Bitgum, dy’t him ûntfytmanne wie troch in flater fan de skiedsrjochter. Op’e banken skuorden wy ús de bûsen út. Moai wis, dat Johannes him mei sa’n Belch ek wol rêden hie… Mar goed, de snein is altyd goed yn Bitgum, dat is no wol dúdlik. Mar hoe sit it dan mei dy sneon? Neffens my it ultime bewiis dat sneonswedstriden “net wurkje”. Ommers: deselde feriening, deselde organisaasje, itselde fjild, deselde akteurs, deselde fasiliteiten, allinnich gjin hynders. Soe dat dan it ferskil meitsje? Komme de minsken foar de hynders? Boalsert kin der ek fan meiprate: op sneon kinne jo wol in kanon ôfsjitte om it fjild, op snein komt der aardich folk. Lit dy sneon dochs falle. De keatsers wolle sa faak ommers ek net? Koartby ferdjippe ik my yn Kening Jan de Earste: Jan Reitsma Sr. fan Penjum. Goed hûndert jier lyn in earsten breakeatser. Yn syn begjinjierren, doe’t it Bûn noch net bestie, waard der meast op snein keatst, middeis nei tsjerktiid. En as it spul net op’e tiid dien wie, dan de oare jûns op’e buorren útkeatse. Soms wiene der mar sa’n bytsje partoeren, dan keatsten se op ien dei yn itselde doarp twa partijen: nei de earste waard gewoan opnij lotte en dan wie it fannijs wer los. De kastlein wie der gleon om, dy hie knap omset en de keatsers woene wol: der koe ommers in knappe deihier fertsjinne wurde? Faaks is it ek wat foar dizze tiid, foar de grutte jonges fan no. Ommers: ek yn Bitgum die wer bliken dat der mar in pear echt goeie partoeren binne? It is dat der tsien partoer op’e list stean moatte, oars hie it mei seis wol ta kinnen. Ik ha hjir en dêr ris hifke, mar de measte minsken fûnen it keatsten ûnder de mjitte en ha fan it klappen oars gjin waarme hannen krigen as mei de presintaasje fan de Fryske hynders, it Frysk Folksliet en de priisútrikking. Aardichheidsje foar de kommende ledegearkomste fan it Bûn, dizze hjerst: helje de biezem troch de aginda en ek troch de partoeren. En freegje ris oan it bestjoer fan OKK, hoe’t dy it dochs foar elkoar krije om safolle sponsors te krijen, dat jo sokke fraaie prizen ferkeatse kinne. It kin dus wol! Martsje de Jong

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers