contact zoeken wedstrijden

Prijswinnaars 55+ op 18 maart 2009

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 18 maart wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jan Beimers, Jan Hoekstra, Jan van der Linden en Tjerk Jorritsma. De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 18 maart wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Foardat it oangong om 10.00 oere hat men in minuut stil stien by it ferstjerren fan Metske van der Wal út Snits. Dernei gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 102 op de list. Der wienen wat minder keatsers as de oare kearen. Aisykje fansels, mar sy dy net mei SMS oer de wei koenen, wienen der wol. De partoeren 97 en 98 wienen dien om 16.10 oere. Partoer 98 kwam noch werom fan in efterstân fan 5-3, mar op 5-5 (6-4) moast Ype de Vries fan partoer 98 opslaan, mei in keats op 12 meter fan it perk. Roel Zijlstra, de foarynse fan partoer 97, sloeg de bal goed út en de keats dik foarby. Om 16.45 oere rikte Foppe de Vries de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (1 april) giet it wer oan yn de Trije. A-klasse: 1e. Jan van der Linden, Amsterdam. 2e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 3e. Johan Sikkema, Emmeloord. 4e. Bertus de Jong, Ljouwert. B-klasse: 1e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 2e. Jan Boorsma, Menaam. 3e. Piet Keizer, Sint Anne. 4e. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. C-klasse: 1e. Jan Beimers, Dronryp. 2e. Wiepie Hasz, Dronryp. 3e. Jolly Dooper, Oentsjerk. 4e. Albert Dijkstra, Harns. 5e. Henk Bootsma, Nijerbekeap. D-klasse: 1e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 2e. Sipke Wiersma, Sint Jabik.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers