contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 4 maart 2009

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Anne van der Werf, Jan Boorsma, Henk Noordbruis, Ype de Vries en Johan Sikkema.

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 4 maart wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list. De partoeren 105 en 106 wienen dien om 16.05 oere. Op de stân 3-5 (2-6) moast Willem Tamminga fan partoer 106 opslaan, mei in keats by de stuit. Durk Kamstra, de foarynse fan partoer 105, sloeg de bal wol út, mar de keats wie te dik, sadat Albert Dijkstra út Harns makkelik de bal keare koe. Yn de B-klasse einigden Jan Boorsma en Henk Noordbruis gelyk op it earste plak, dat wol sizze lyke folle tsjinearsten en punten yn it lêste earst fan de trije partijen.. Om 16.35 oere rikte Piet Bosgraaf de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (18 maart) giet it wer oan yn de Trije. A-klasse: 1e. Johan Sikkema, Emmeloord. 2e. Luutzen Steegstra, Blije. 3e. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. B-klasse: 1e. Jan Boorsma, Menaam en Henk Noordbruis, Marsum. 3e. Jouke Punter, Wommels. 4e. Monte Hallema, Frjenstjer. C-klasse: 1e. Anne van der Werf, Snits. 2e. Henk Bootsma, De Knipe. 3e. Anne Baarda, Menaam. D-klasse: 1e. Ype de Vries, Oentsjerk. 2e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 3e. Piet Bosgraaf, Drachten.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers