contact zoeken wedstrijden

Prijswinnaars 55+ op 28 januari 2009

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 28 jannewaris wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sipke Wiersma, Johan van der Veen, Ale Mosselman en Jolly Dooper. De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 28 jannewaris wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list. De partoeren 105 en 106 wienen dien om 16.05 oere. Op de stân 5-2 (6-0) moast Roel Kuipers fan partoer 106 opslaan, mar spitigernôch sloeg hy de bal foar. Om 16.30 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen en ek oan dy mei 20 earsten. Oer 4 wiken (25 febrewaris) giet it pas wer oan yn de Trije. A-klasse: 1e. Ale Mosselman, Goutum. 2e. Eddy van der Lei, Ljouwert. 3e. Johan Sikkema, Emmeloord. 4e. Luutzen Steegstra, Blije. 5e. Evert Heeg, Easterlittens. 6e. Oege Dijkstra, Hijum. 7e. Oeltsje Velstra, Idaard. B-klasse: 1e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 2e. Auke Althof, Doanjum. 3e. Johannes Oudendag, Arum. 4e. Henk Noordbruis, Marsum. 5e. Bert Veldman, Ljouwert. C-klasse: 1e. Jolly Dooper, Oentsjerk. 2e. Willem Tamminga, Frjenstjer. 3e. Marinus van der Meer, Witmarsum. 4e. Klaas van Dijk, Harich. 5e. Freek Helvrich, Harns. 6e. Dik Wiglema, De Jouwer. 7e. Sjirk Overal, Oldebroek. D-klasse: 1e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 2e. Albert Dijkstra, Gytsjerk. 3e. Gerard Voogd, Harns. 4e. Durk Kamstra, Frjenstjer. 5e. Daan Stellingwerf, Minnertsgea.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers