contact zoeken wedstrijden

Prijswinnaars 55+ op 21 januari 2009

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 21 jannewaris wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Durk Monsma, Theo Smit, Ernst Zwaga en Luutzen Steegstra. De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 21 jannewaris wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list. Der foelen ûnderweis in oantal keatsers út mei in blessearing of sykte, benammen yn de A-klasse, sadat in stikmennich 2 tsjin 2 keatse moasten en derom wat skoowt wurde moast mei de partoeren. Soenen de útfallen manlju treent hawwe by Gert Jan Verbeek? Dat liket my op dizze leeftyd net ferantwurde! De partoeren 100 en 101 keatsten 2 tsjin 2 en 99 en 102 keatsten 3 tsjin 3. Lêstneamde partoeren wienen dien om 16.25 oere. Op de stân 5-4 (6-2) moast Eddy van der Lei fan partoer 99 opslaan en der lei in keats sawat by de boppe. Jurjen Tiesnitch sloeg de bal goed út, mar ien fan Eddy syn maten koe de bal makkelik keare. Minne Soepboer hie goed lotte, want der slúten knap wat partijen ôf mei 5-5 (6-6). Om 16.50 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen en ek oan dy mei 20 earsten. Nije wike (28 jannewaris) giet it wer oan yn de Trije. A-klasse: 1e. Luutzen Steegstra, Blije. 2e. Evert Heeg, Easterlittens. 3e. Gerrit de Vries, Frjenstjer. 4e. Andries Idserda, Goutum. 5e. Piet Stellingwerf, Harns. 6e. Jan van der Linden, Amsterdam. B-klasse: 1e. Durk Monsma, Mantgum. 2e. Jan Beimers, Dronryp. 3e. Henk Noordbruis, Marsum. 4e. Leendert Terpstra, Frjenstjer C-klasse: 1e. Ernst Zwaga, Boarnburgum. 2e. Bauke Jousma, Menaam. 3e. Anne Baarda, Menaam. 4e. Pieter Bouma, De Jouwer. D-klasse: 1e. Theo Smit, Frjenstjer. 2e. Willem van der Meulen, Drachten. 3e. Teade de Vries, Frjenstjer. 4e. Henk Steensma, Snits. 5e. Cor Binsma, Apeldoorn. 6e. Louw Herrema, Slappeterp.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers