contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ op 7 januari 2009

De 55+keatsers binne ferline woansdei 7 jannewaris wer út ein setten mei de earste keatspartij fan 2009 yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Leendert Terpstra, Anne Baarda, Geert Hoekstra en Sybe van der Zee. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 114 op de list. Yn de tredde omloop begong eltse partij mei earsten gelyk. De partoeren 113 en 114 wienen dien om 16.10 oere. Op de stân 5-1 (6-6) moast Anne Baarda fan partoer 113 opslaan en hy pleatste in sitbal. Dermei helle hy syn earste krânse yn 2009. Tankber binne wy foar ús stipers Emiel Vogels, Lieuwe Anema en Hans Hilarides. Sy stelden de prizen beskikber. Eltse priiswinner (21 en 20 punten) en de keatsers mei 19 punten krigen in Gelderse woarst, in sek ierappels, in sek sypels en in sek woartels út hânnen fan Piet Bosgraaf. En foar de kommisje wie dizze “priis” ek noch weilein, sadat sy dizze âlderwetske winter wol wer trochkomme. Om 16.45 oere winske de foarsitter elstenien wol thús. Oer fjirtjin dagen (21 jannewaris) giet it wer oan yn de Trije. Foar de 3e priiswinner yn de D-klasse hawwe se noch songen, omdat Theo 8 jannewaris 82 jier wurdt! A-klasse: 1e. Geert Hoekstra, De Jouwer. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Jan Feenstra, Winsum. 4e. Jurjen Tiesnitch, Westhoek. 5e. Geert de Vries, Frjenstjer. B-klasse: 1e. Leendert Terpstra, Frjenstjer. 2e. Johannes Oudendag, Arum. C-klasse: 1e. Sybe van der Zee, Lelystad. 2e. Dik Wiglema, De Jouwer. 3e. Joop Faber, Deinum. D-klasse: 1e. Anne Baarda, Menaam. 2e. Daan Stellingwerf, Minnertsgea. 3e. Theo Gijssen, Dronryp. 4e. Cor Binsma, Apeldoorn.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers