contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (109) Aldjiersjûn

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

As je jierliks in heal bosk beammen op papier omhakke moatte en net twa beammen yn it jier, dan is de kâns dat je mis slagge in stik grutter. It heart der by en as minsken sizze dat yn it ferhaal oer Johannes Brandsma stie dat Sjoerd D. Janzen net fan Seisbierrum kaam mar fan Pitersbierrum, dan moatte je tankber wêze dat it goed lêzen wurdt. Dus tank oan de man út de Polder dy’t it opmurk. In leafhawwer dy’t geregeld yn de auto stapt om nei it keatsen te reizgjen. In man ek dy’t je net hoege te fertellen wat ferlies is yn it libben want it reizget noch altiten elke dei mei him mei.

It wie let op pinkstermoandei, in soad minsken en op ‘e nij in soad jonge minsken. Let thús en ynienen de gedachte dat Jacob Wassenaar in nij rekôr festige hie. In rekôr yn tal jierren tusken de earste kear dat hy de Bond wûn en de lêste kear, op pinkstermoandei dus. Yn 2001 foar it earst, yn 2023 wer. Dat is 22 jier en it ferhaal moast yn ferbân mei de deadline hurd fuort. Dus midden yn de nacht de tinzen fan twifel: is dat wol sa? Want twa jier lyn wûn Jacob it ek, en dat wie yn 2021. Tweintich jier der tusken, dus wer rekkenje. Hotze Schuil wûn yn 1947 de earste en yn 1966 de lêste Bond, dat betsjut by in nije berekkening dat Jacob twa jier lyn al rekôrhâlder wie.
 
Net dat je der wekker fan lizze moatte, en it better twa kear beneame as hielendal net. Ien sei yn Frjentsjer by de formaasjepartij fan in skoftsje lyn dat je sjen koene dat Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar goed lústere ha nei de maestro Brandsma. Keatsen lizze en dy dan mei in opslagger as Menno van Zwieten de punten binnen helje. Op de Jong Nederland koene je sjen dat Pieter Jan ek wat fjildbesetting goed lústere hie nei de maestro. Ommers der binne mar in bytsje partoeren yn it keatsen west dy’t de fjildbesetting sa goed ynoarder hienen as de formaasje Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma.
 
Yn de finale fan de Jong Nederland tusken Dronryp en Eksmoarre stie opslagger Jarno Feenstra rjochts yn it fjild as Eksmoarre yn it perk stie, wylst Jorrit Nanninga fan Dronryp links yn it fjild stie as de Rypsters yn de krite stienen. Bewust dien, sa sei Pieter Jan nei ôfrin. Want in bal op de boppe mei in rjochtshandige keatser skuort de bal by it weromslaan altiten nei links. De bal op de oare kant del lizze hat it risiko mei de nap dat de bal earder kwea fleant. En Marten hie foaryn de taak nei foar him links sa gau mooglik nei de middenline ta te gean sadat ek dat diel beset wie. Dronryp krige twa kear yn de partij in keats foarby de middenline.
 
Twa dagen letter hie Bitgum ek sa’n opstelling, Paul op rjochts om dat diel ek ôf te dekken. Moai om te sjen dat ien as Pieter Jan it spul sa goed yn ‘e kop hat en it dan ek noch sa goed tapast. Fansels moat it dan noch wol keatse wolle, as it net wol sa as by Bitgum op de Bond dan kin it heechút in hantsje helpe dat je de fjildbesetting op oarder hiene, ek al winne je dêr gjin partij mei.
 
Ha it al earder sein, yn prinsipe koe Dronryp dy finale yn it gruttere gehiel fan it libben net ferlieze. Se ferlearen de partij oan de telegraaf, mar oan dy selde telegraaf hong jûns yn Dronryp in 5-0 en 6-0 stân foar Dronryp. 

En sa kom ik op de moaiste útspraak fan dit keatswykein, makke troch heit Simon Minnesma tsjin Anne Roel van der Meer fan de Ljouwerter Krante: ‘Aldjiersjûn is der neat by’, en dat slacht dan op sneontejûn as Mark wer thús komt.

Mark verhaal Balkearder

Dy útspraak is sa moai omdat âldjiersjûn altiten in dei is dat je ôfskie nimme fan it âlde jier en mei nije moed in nij jier temjitte geane. Simon sil fêst it fjoerwurk bedoeld ha, mar je kinne ek sizze dat it in kearpunt is yn it noch jonge libben fan Mark. De fanselssprekkendheid dat der op jonge leeftiid altiten wer in nij jier komt wie fier fuort. En no samar nije hoop, in nij jier en dan is it fjoerwurk yn in doarp fansels net oan te slepen.
 
In heal bosk omhakke betsjut net allinne dat je mis slagge, mar it betsjut ek dat je moaie dingen meitsje kinne fan it hout fan dy beammen. De man út de Polder hie syn libben wol jaan wollen foar sa’n nije krânse foar syn soan, betink dat wol. Wat de jonges fan Dronryp sneon net slagge, kin hjir wol. Mark op de foto mei in krânse fan in nije kâns yn it libben, in nij begjin, in oar libben, nije hoop op in lokkich libben fan noch mear krânsen yn de takomst. 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers