contact zoeken wedstrijden

Iepen FRYSK kampioenskip muorrekeatsen

Yn de wike fan 9 oan’t 13 july wurdt yn Jirnsum it 1e Iepen Frysk Kampioenskip Muorrekeatsen (Hearen Frije Formaasje) hâlden. De arena foar dit toernoai, dat organisearre wurdt troch Muorrekeatferiening De Wide Stege, is de outdoor baan op It Keatsplein by Sportpark De Bining.

Der kinne op syn meast 20 teams meidwaan. De kwalifikaasje wedstriden binne op moandei 9 en tiisdei 10 july (reindatum: woansdei 11 july) It eintoernoai is op tongersdei 12 july (kwart finales) en freed 13 july. Op freed wurde de heale finales en de finale spile (reindatum: moandei 16 july). De tagong foar it publyk is fergees.
De krânswinners wurde foar in jier hâlder fan "De Gouden Japke", in replika fan it byldsje fan de Jirnsumer Kat dat oan de Rykswei yn Jirnsum stiet. Fierder binne der foar de 1e oan’t de 3e priiswinners earetekens en kattekuorkes mei in ferskaat oan Fryske produkten.
De betingsten foar dielname oan it toernoai binne:
Minimum leeftyd dielnimmers: 17 jier (by de oanfang fan it toernoai) Ynlisjild: EUR 10,- it team (leden MKF De Wide Stege: heal jild). Opjefte oan’ t moandei 2 july 19.00 oere fia email: ifkm@dewidestege.nl
Dielname is alhiel foar eigen risiko.Lotsjen: tiisdei 3 july om 19.00 oere op Sportpark De Bining. Trainingsjûnen: tiisdei 3 july en tongersdei 5 july (yn oerlis)
De organisaasje hâldt har it rjocht foar om maksimaal 4 teams rjochtstreeks te pleatsen foar it eintoernoai. Der wurdt spile mei de blauwe Sky Bounce bal, neffens de regels fan de USHA. Teams drage unifoarme shirts en broeken.
De kwalifikaasje wedstriden besteane út ien set fan 15 punten (minimaal 2 wedstriden per team op in jûn, ferliezer is skiedsrjochter by de folgjende wedstryd). De kwartfinales: ien set fan 21 punten. De heale finales: ien set fan 21 punten en de finale “best of 3” (sets oan’t 15 punten).

Website fan muorrekeatsen >>>

muorrekeatsen

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers