contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 24 juni 2009

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 24 juny foar de fjirde kear fan it simmerskoft keatst op Sonnenborgh yn Ljouwert.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Bertus de Jong, Marten Bergsma en Guus de Vries. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 78 op de list. It waarberjocht hie waarm waar foarsein (25 graden), mar yn Ljouwert hold it mei 18 graden wol op en mei de hurde wyn út it noardnoardeasttennoarden wie it fris en koe foar de sitters it jaske der wol bei oan, mar it wie moai keatswaar. De partoeren 75 en 76 wienen dien om 15.55 oere. Op 5-4 (6-6) moast Jelle Takema fan partoer 76 opslaan op in keats fan om en naby 12 meter, mar hy goaide de bal bûten. Sadwaande wûnen Piet Bierma en Martinus van der Meer (tegearre) dizze partij. Om 16.10 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike (1 july) geane de 55plussers op ‘e ny keatsen op Sonnenborgh yn Ljouwert en oer twa wiken (8 july) yn it Hearrenfean. A-klasse: 1e. Bertus de Jong, Ljouwert. 2e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3e. Jan Feenstra, Winsum. 4e. Jan Veenstra, Apeldoorn. 5e. Johan van der Veen, Oentsjerk 6e. Wim Bosklopper, Goutum. B-klasse: 1e. Marten Bergsma, Reduzum. 2e. Bart Limburg, Wolvegea. C-klasse: 1e. Guus de Vries, Ljouwert. 2e. Rein Bonnema, Snits. 3e. Albert Kinderman, Oentsjerk. 4e. Johannes Wierda, Hallum. 5e. Daan Stellingwerf, Minnertsgea. 6e. Theo Smit, Frjenstjer. 7e. Rein Seerden, Snits.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers