contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 10 juni 2009

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 10 juny foar de tredde kear fan it simmerskoft keatst op Sonnenborgh yn Ljouwert.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Piet Bierma, Gerrit de Jong en Jan Hoekstra. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 72 op de list. It wie moai keatswaar mei in matige westewyn. De taskôgers en tillegrafisten koenen yn de lijte fan de kantine lekker yn it sintsje sitte. De partoeren 69 en 70 wienen dien om 15.35 oere. Op 5-3 (6-0) moast Jan Hoekstra fan partoer 69 opslaan op in keats fan om en naby 18 meter. Piet Bosgraaf, de foarynse fan partoer 70, sloeg de bal net fier genoch út. Dermei wûn partoer 69 en hienen Jan Hoekstra (krâns) en Anne Baarda trije kear wûn. Om 16.00 oere rikte Piet Bosgraaf de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken (24 juni) geane de 55plussers op ‘e ny keatsen op Sonnenborgh yn Ljouwert. A-klasse: 1e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 2e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. B-klasse: 1e. Piet Bierma, Dronten. 2e. Auke Kuiken, Sint Jabik. 3e. Henk Werkhoven, Gytsjerk. C-klasse: 1e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 2e. Guus de Vries, Ljouwert. 3e. Anne Baarda, Menaam. 4e. Sipke Wiersma, Sint Jabik.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers