contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ op woensdag 27 augustus 2008

Ferline woansdei 27 augustus hawwe de 55+ wer keatst op Sonnenborgh yn Ljouwert.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Ton Twerda, Watze de Boer en Oeds de Roos. Ferline woansdei 27 augustus hawwe de 55+ wer keatst op Sonnenborgh yn Ljouwert. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 72 op de list. It wie grys waar, sûnder sinne, neistenby 18 graden, mar wol prachtich keatswaar. De partoeren 71 en 72 wienen dien om 15.05 oere, doch de partoeren 69 en 70 makken it noch tige spannend en wienen in heal oere letter dien. Nei in efterstân fan 4-5 kaam partoer 70 werom op 5-5. Op de stân 6-2 koe Anno Miedema de bal net foarby de keats krije by de middelline, omdat opslager Evert Heeg de bal keerde en sa de partij yn syn foardiel besliste. Evert Heeg hie dermei wol 3 partijen wûn, mei 9 tsjinearsten, krekt as Oeds de Roos, mar de lêstneamde krige de krâns, omdat hy yn de lêste earsten fan syn partijen minder tsjinpunten hie. Piet Bosgraaf rikte om 16.00 oere de rollades út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen en dernei winske hy eltsenien in wol thús ta. Nije wike woansdei geane de 55-plussers nei Snits ta en dan op 10 en 24 septimber wer op Sonnenborgh, foar it lêst dit jier. A-klasse: 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Evert Heeg, Easterlittens. 3e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. B-klasse: 1e. Ton Twerda, Putten. 2e. Auke Kuiken, Sint Jabik. 3e. Jouke Punter, Wommels. C-klasse: 1e. Watze de Boer, Ljouwert. 2e. Siebe van der Zee, Lelystad. 3e. Sjouke Herrema, Hoorn. 4e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 5e. Johannes Wierda, Hallum. 6e. Corry Binsma, Apeldoorn.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers