contact zoeken wedstrijden

Froulju's PC 2008

Van Nije Kriich Weidum ontvingen we onderstaand bericht.

Froulju's PC 2008 It is hast wer safier, de Frouljus PC 2008 stiet der wer oan te kommen. Ut respekt foar famylje, freonen en goedkunde fan ús lid Johannes Monsma, dy't snein 10 augustus troch in slim ûngemak om it libben kommen is, sil de Froulju's PC net ôfslúten wurde mei in grut feest. Om't de Froulju's PC net samar in partij is, mar ien wêrnei de froulju'skeatsers it hiele jier útsjogge, is besletten de partij sels wol krekt as de ôfrûne jierren mei alles der op en der oan te organisearjen. Wij hoopje dat jimme foar dit beslút begrip opbringe kinne. De lotting foar de Froulju's PC fynt plak op moandei 18 augustus 8 oere yn it doarpshûs ! Bestjoer Nije Kriich

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers