contact zoeken wedstrijden

Priiswinners 55+ Sonnenborgh 11-6-08

De 55+ hat woansdei foar de tredde kear fan it simmerskoft spile op Sonnenborgh yn Ljouwert.

Om 10.00 oere hawwe se earst stilstien by it ferstjerren fan Leen Vlietstra. Dernei gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 72 op de list en dat wie aardich wat minder as oars. In stikmennich mei fekânsje en tariedings foar de Slachtemaraton, dat sil it wol wêze. We hienen súver droech waar, mar in pear spotsjes wetter, net safolle sinne en een temperatuur fan om en naby 16 graden. De lêste partij, fan de partoeren 71 en 72 wie tige spannend en pas dien om 16.05 oere mei in útslach fan 5-5 (4-6). Om 16.20 oere hat Piet Bosgraaf de fleisprizen útrikt oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 14 dagen geane de 55-plussers op ‘e nei nei Sonnenborgh yn Ljouwert. A-klasse: 1e. Ale Mosselman, Goutum. 2e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 3e. Jan Houwer, Boalsert. 4e. Herman Steneker, Ljouwert. 5e. Minne Soepboer, Surhústerfean. B-klasse: 1e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 2e. Henk Noordbruis, Marsum. 3e. Jouke Punter, Wommels. 4e. Sybren Rodenhuis, Marsum. C-klasse: 1e. Ernst Zwaga, Boarnburgum. 2e. Teade de Vries, Frjenstjer. 3e. Siebe van der Zee, Lelystêd. 4e. Jelle Takema, Harns. D-klasse: 1e. Watse de Boer, Ljouwert. 2e. Anne Sybesma, Akkrum. 3e. Guus de Vries, Ljouwert. 4e. Ype de Vries, Gytsjerk. Johan Sikkema Foto: De priiswinners mei de krâns, flnr.: Watse de Boer, Ernst Zwaga, Ale Mosselman en Anne Dijkstra.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers