contact zoeken wedstrijden

Thomas Bouma ferstoarn


Je wisten dat Thomas yn swier waar siet mar dochs oerfalt it je as je it berjocht krije dat Thomas Bouma, hikke en tein yn Littens, ferstoarn is. 

Tekst Jan Braaksma
Foto: Henk Bootsma

Snein de alfde septimber kaam der in ein oan in libben dat stiif stie fan it keatsen. Ein 2015 wie ik noch op besite by Thomas en syn Lolkje. Wy eiden it libben oer wêryn it keatsen sa sintraal stie. Sjoch sei Thomas: ‘Ik bin grut wurden yn in doarp wêr’t fûleindich keatst waard en noch altyd keatst wurdt. It wie de tiid fan Tinus Santema, Evert Heeg en Anne Broersma. Tinus wie in serieus man en mei Evert koesto mear wille ha. Mei Anne ‘strontsje’ ha ik de measte wille hân. Anne brûkte syn frachtwein ek wol om nei de keatspartijen te gean. Dan waard de laadbak der úthelle en kamen der banken yn sadat wy efter yn de auto mei koenen nei de keatspartijen. Anne wie in kleurryk figuer en je koenen wol om him laitsje mar hy koe om de bliksem ek wol keatse. Hy wie dreech en joech noait op. Boppedat hie hy it bekje ek wol op it goeie plak. Dat is it begjin west moast mar tinke. Ik sels ha my altyd beheine moatten ta wat keatse op ledepartijen. Mar ik ha it keatsen noait wer los litten.’

Dat koe ek net oars mei in soan dy’t yn 2008 de PC wûn hie. Dat wie foar Thomas en Lolkje in geweldige boppeslach. Hja hearden by de fêste húsrie fan it keatsen en misten noait in slach. Rom yn ’t foar rinne hja nei it fjild mei de ‘onafscheidelijke’ túnstoel foar Lolkje yn ‘e hân.
 
 ‘Thomas hat net in sittend gat en fladdert’, seit Lolkje doe’t ik yn desimber op besite wie yn Littens. ‘Thomas is de hiele dei wat om it fjild en komt  allinne mar del om in broadsje of in oare fersnapering.’ Dat giet al jierren sa en it giet noch altyd goed. Om mei Lolkje te sizzen: ‘Wy komme tegearre en wy gean ek wer tegearre op hûs oan, mar foar de rest fan de dei sjoch ik him net folle.’
 
Dat wie Thomas ta de fuotten út. In man dy’t mei beide fuotten stiif yn de Fryske klaai stie. In man ek dy’t it petear net út de wei gong.
Dik tweintich jier lang hat Thomas in sit hân yn it bestjoer fan Onder Ons yn Littens. Yn it petear fan desimber seit hy: ‘Ja, ik tink dat ik yn it seizoen 1975 of 1976 in sit krigen ha yn it bestjoer fan Onder Ons. Dat hat dik tweintich jier duorre. Ik wie in soarte fan ‘vliegende kiep’. Ik die alles foar de feriening mar ik ha gjin funksje hân as sikretaris of ponghâlder bygelyks. Nee, ik wie de man foar  alles ree meitsje op en om it fjild. Mar dêr kaam in ein oan doe’t ús jonges begûnen te keatsen.’
 
It wie ek de tiid dat Thomas in sit krige yn de TC fan it keatsen. Krapoan sân jier lang hat hy al syn krêften hjir oan jûn. Yn desimber seit hy der oer: As heit fan in keatsende soan waard ik oansprutsen troch âld-topkeatser Flip Soolsma dy’t doe yn de Technyske Kommisje fan de bond siet. As ik miskien ek wol in sit yn de TC ha woe? No ja, ik wie der al faak dus fan it ien kaam it oar. It wie de tiid fan Piet IJsbrandij, Gerrit Dijkstra en Wealtsje Wijtsma om mar in pear te neamen. Siep Bakker, de heit fan Pieter, siet der doe ek yn. ‘Ach Jan, dat wie in moaie tiid. Ik ha dat mei wille dien mar der sieten fansels ek wol wat tûkelteammen oan. Je dogge it ommers noait eltsenien nei de sin. Foaral de heiten en memmen fan keatsers dy’t bûten de boat foelen koenen it bytiden moai opsizze. Je krigen wol ris in snútslach mar ik ha der noait echt lêst fan hân. Dat heart derby en as it te mâl gong dan hie ik myn wurdsje ek wol klear. De minske siket graach de fout by in oar en by it keatsen is it net oars.’
 
Letter wie Thomas noch jierren lid fan de hjoeddeiske TC. Mar doe’t harren wurk foar in grut part útklaaid waard hie Thomas it wol sjoen. Ein 2015 kaam dêr ek in ein oan en Thomas waard beneamd ta lid fan fertsjinste  fan de KNKB. Thomas koe der doe wol mei libje.
 
Thomas iet en dronk it keatsen want ek it Jeu de Pelote yn Littens die noait fergees in berôp op him. Njoggen jier lang hat hy in sit hân yn de wurkgroep Jeu de Pelote. Jierrenlang  hat hy syn beste kreften ek hjir oan jûn.
 
Hy woe der noch graach foar gean mar de boppe rekke hieltyd fierder út it sicht fan in stridende Thomas Bouma. Snein 11 septimber foel de lêste slach foar in striidber man dy’t ek by de ein fan syn libben noch altyd de regy hie. Thomas Bouma mocht mar santich jier wurde.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers