contact zoeken wedstrijden

Jong Feintepartij Junioren Afdeling meerdere ppa

27 juli 2011 11:00
Easterein
Categorie Heren junioren KNKB
Soort Afdeling
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Wierstra, D.
Hiemstra, S.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Jong-Feinte 2011

(Sjoch ek op www.kfeasterein.nl)

1. Frjentsjer 1 (Jan Hof, Erik de root, Patrick Scheepstra)
2. Tsjummearum (Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar)
3. Wjelsryp (Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus, Jouke Bosje)
3. Peins (Douwe Rienstra, Niek Feenstra, Menno van Zwieten)

Finale
0-1, op 6-6- bûten fan Patrick
0-2, as op 2-6 Erik útslacht en Steven retour foar de keats
1-2, Patrick op 6-4 (boppeslach Erik op 4-4) de opslach die Steven útslacht. Erik slacht werom yn it perk.
In bûtenslach fan Patrick op 4-6 bestjut in gat fan in spul, 1-3.
1-4, as Hans op 2-6 in stibal slacht.
Frjentsjer komt wer by as op 6-6 Patrick de bal boppe slacht, 2-4. En dat nei 2-6 efter! Ek de 1-5 is foar Tsjummearum. Patrick die in soad dwaan moat mist wer it perk.

Dit kear is de winst foar Patrick as hy op 4-4 beide keatsen pakt!, 2-5.
Mei 2-4 en twa dikke keatsen in kâns foar Frjentsjer. De earste pakke se as Hans kwea útslacht. De 6-4 is foar Frjentsjer as Hans de knappe opslach fan Patrick net goed ferwurket. 6-6 wurdt it nei in foarslach fan Patrick. De folgende opslach wurdt wer troch Hans kwea slein, 4-5 en it is wer partij, seker as Patrick in sitbal op de kwea slacht.

Dernei pakt Tsjummearum beide keatsen troch sitballen fan Steven en Hans. As Hans bûten slacht wurdt it 4-4. De earste keats wurdt knap pakt troch Frjentsjer, De oare keats is foar Tsjummearum. Op 6-6 slacht Hans op, en Erik slacht de keats foarby, as Hans tinkt dat it lear is, 5-5!

5-5:6-6!. Patrick slacht op, Hans út en Jan Hof pakt de winst op de Sande Jong-Feinte troch de bal werom te slaan yn it perk!
It ferrin fan it earst. 0-2, kwea út Patrick, 2-2 bûten Hans, 2-4 platte bal Jan, twadde stuit Hans. 4-4 as Steven de keats foarby slacht. Foarslach fan Patrick, 4-6 en dernei in geweldige sitbal op de kwea fan Patrick, 5-5:6-6!

Wat in finale!

27) Frjentsjer - 7) Tsjummearum 5-5:8-6
Finale

Heale finale
24) Peins - 27) Frjentsjer 4-5:4-6
7) Tsjummearum - 20) Wjelsryp 5-3:6-2
Heale finales

3e omloop
3e omloop
27) Frjentsjer - 5) Boalsert 5-4:6-2
7) Tsjummearum - 13) Seisbierrum-Pietersbierum 5-1:6-2
16) Stiens - 20) Wjelsryp 0-5:4-6
24) Peins -

3e omloop

2e omloop
27) Frjentsjer - 1) Wommels 3 5-4:6-2
3) Dronryp - 5) Boalsert 1-5:4-6
7) Tsjummearum 2 - 9) Easterein 2 5-0:6-6
11) Tsjummearum 1 - 13) Seisbierrum-Pietersbierum 4-5:4-6
16) Stiens - 18) Hartwert 5-4:6-4
20) Wjelsryp - 21) Easterlittens 5-1:6-0
24) Peins - 26) Wommels 2 5-0:6-6

2e omloop

1e omloop
1) Wommels 3 - 2) Wommels 4 5-0:6-2
3) Dronryp - 4) Harns 5-3:6-2
5) Boalsert - 6) Eksmoarre 5-1:6-6
7) Tsjummearum 2 - 8) Makkum 5-2:6-6
9) Easterein 2 - 10) Folsgeare 5-4:6-4
11) Tsjummearum 1 - 12) Easterein 1 5-4:6-4
13) Seisbierrum-Pietersbierum - 14) Frjentsjer 2 5-1:6-6
15) Wommels 5 - 16) Stiens 2-5:2-6
17) Ysbrechtum - 18) Hartwert 2-5:0-6
19) St Anne - 20) Wjelsryp 5-5:0-6
21) Easterlittens - 22) Wytmarsum 5-2:6-2
23) Minnertsgea - 24) Peins 4-5:6-6
25) Wommels 1 - 26) Wommels 2 4-5:4-6
1e omloop

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers