contact zoeken wedstrijden

Bretaalwei de Brand, it audioboek

Yn 1992 tekene Jelle Bangma (in part fan) it libbensferhaal fan Johannes Brandsma op.

It levere it knappe boek: Bretaalwei de Brand op, dat by útjouwerij Frysk en Frij ferskynde. Yn 2009 hat Jelle Bangma it sels ynlêzen foar útjouwerij Audiofrysk, dy't der in harkboek fan hast 3,5 oere fan makke en dat as nr. 15 yn de rige ferhalen/romans op de merk brocht is. De flaptekst: Johannes Brandsma, in topkeatser Yn 'e jierren tachtich is hy de sportman, dy't it gesicht fan it keatsen mei bepaalt. De Brand ferleit bretaalwei grinzen yn it keatsspul. Hy ferbrekt rekords dy't noch steane, ek yn 2009. Yn 1990 nimt er ôfskie fan it Fryske spul en kinne de lêste kranteknipsels en foto's ynplakt wurde. Mear as stof genôch foar in biografy. De keatsfedette fertelt net inkeld oer it keatsen, mar ek oer de saken dêr omhinne en hoe't it syn libben behearske. Jelle Bangma makke der - ek foar net keatsfans - in meislepend ferhaal fan. It audioboek, 3 cd's yn in kreaze boks foar € 13,50, is te bestellen by www.audiofrysk.nl of yn de boekhannel. It is ek as download beskikber foar € 9 by www.luisterrijk.nl. In pear fragmintsjes: 1 it begjin fan haadstik 1: Ús heit sei... 2 de earste minút fan haadstik 6: In keningsformaasje 3 haadstik 10: It spul om 'e want, it earste stikje

Foto: Johannes Brandsma in actie
Foto: Johannes Brandsma in actie

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers