contact zoeken wedstrijden

Ofskied Frans Dijkstra

Hjoed, woansdei 23 septimber, wie de lêste wurkdei fan Frans Dijkstra as direkteur fan de KNKB.

Offisjeel hâldt hy der op 1 novimber mei op. Wy wolle Frans tige tank sizze foar alles wat hy mei in protte ynset foar de KNKB en de keatssport dien hat. Frans is in noflik man om mei gear te wurkjen. Yn al dy jierren hat hy nea sjoen nei oeren en tiid dy't hy foar de keatssport yn't spier west hat. Frans: tige tank foar al dy jierren fan noflike gearwurking. By de Algemiene Fergadering fan de KNKB op freed 27 novimber hoopje wy noch neier stil te stean by it ôfskied fan ús Bûnsdirekteur en sil der boppedat foar eltsenien de gelegenheid wêze om Frans Dijkstra de hân te jaan. Ut namme fan it Haadbestjoer Theunis R. Piersma

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers