contact zoeken wedstrijden

Keatsen op de Easterdyk fan Snits

Snein 27 septimber is der in bysûnder spesjale keatspartij yn Snits. Dizze lêste snein fan septimber is der Pearkekeatsen op de Easterdyk.

Eartiids waard der yn Snits omraak keatst en ek op strjitte. De drokste winkelstrjitte fan de sudwesthoeke: De Easterdyk is hjir lykwols noch nea toniel foar west. Dudlik is dus dat dit in uniek evenemint is dat gjinien die fan keatsen hâldt misse mei! It Iepen Snitser Kampioenskip strjitkeatsen op de Easterdyk lyket in grandioos succes te wurden. Njonken ald-freulewinnaars en in pear haadklasse dames keatsters komt nimmen minder as sterkeman Wout Zijlstra yn 'e krite! Alle keatsers keatse komende snein 27 septimber yn pearkes. Wout Zijlstra komt ut mei syn omkesizzer Idske Zijlstra. Njonken dizze toppers binne der al ferskate pearkes die harren opjûn hawwe. Steltsjes dy’t ek graach meikeatse wolle moatte der derom gauw by weze. Hja kinne harren opjaan kin by kafee it Skûtsje (0515 418 742). Fanút dit kafee sil de wedstriid byhâlden wurden en hjir fynt ek nei ôfrin de priisútrikking plak. Eltsenien kin meidwaan of komme te sjen by dizze strjitkeatspartij dy’t om 12.00 oere begjint. Der wurdt yn in A en B klasse keatst. En sa as dat heard by strjitkeatsen, keatst mei in grutte sachte bal. In want is dus net nedich en elts kin meidwaan. Steltsjes dy’t ek graach meikeatse wolle, kinne har opjaan kin by kafee it Skûtsje (0515 418 742). Fanút dit kafee sil de wedstriid byhâlden wurden en hjir fynt ek nei ôfrin de priisútrikking plak. Der wurdt rekkene op in moaie list dus “Zegt het voort” en kom snein 27 septimber nei it keatsen op de Easterdyk yn Snits!

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers