contact zoeken wedstrijden

21e Foppe de Vriespartij in Buitenpost

Ofrûne sneon 19 septimber wienen 84 manlju fan 50+ oan it keatsen op de 21e Foppe de Vries yn Bûtenpost .

Foar de 21e kear hienen Foppe en Wietske de Vries der foar soarge, mei stipe fan in stikmennich bedriuwen en frijwilligers, dat ôfrûne sneon 19 septimber, 84 manlju keatse koenen yn Bûtenpost. It wie bjusterbaarlik moai waar, sadat de machtich meikommende frjoulju ek noch wat bykleure binne. Dizze partij ken sjoen wurde as de útsetter fan it simmerskoft fan de 50plussers. Der wienen 4 klassen (A,B,C en D) en se moasten trije omlopen keatse, mei eltse kear oare maten, sadat de prizen per keatser bepaald wurde koenen. Per partoer waarden de funksjes ferdield neffens fjildreglement, de foarbestopslag, de man foaryn, esf. Der leinen 8 perken en yn elts fjild stienen betûfte skiedsrjochters, Tonnie de Vries en Albert Knol. It begong om 10.00 oere en om 16.40 oere foel de lêste slag. Marten Rozendal fan partoer 27 sloeg de hiele dikke keats foarby, sadat sy wûnen mei 6-2 (6-0). Jan van der Meer fan partoer 28 hie kenlik mei syn opslag in te moaie bal foar Marten. De foarsitter fan de 55+ kommisje wie wat ûnfertúnlik, want hy krige in útslachbal fan Anno Miedema yn syn gesicht, sadat syn keunstgebyt yn twa stikken gong. Mei 10sekondenlym war dat gau wer oplost. Letter binne de prizen troch Foppe en Wietske útrikt yn The Point. Der wie in gesellige neisit mei musyk fan de keatsers Evert Heeg en Jan Houwer. De priiswinners mei de krâns, flnr.: Herman Steneker út Ljouwert (A-klasse), Andries Gillebaard út It Hearrenfean (B-klasse), Germ Koopmans út Aldtsjerk (C-klasse) en Anne Baarda út Menaam (D-klasse).

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers