contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ Sonnenborgh

Woansdei 9 septimber wienen de 55plussers wer oan it keatsen op it fertroude Sonnenborgh yn Ljouwert.

Earst hawwe se in minuut stilte hôlden by it ferstjerren fan Tsjirk Fokkens. Dernei koe it keatsen begjinne mei de earste 48 keatsers fan de 66 op de list. De temperatuer wie krekt boppe de 20 graden en tusken de wolken kaam sa no en dan de sinne der efkes troch. Prachtich moai keatswaar. De partoeren 57 en 58 wienen dien om 15.15 oere. Op de stân 5-5 (6-0) moast Wim Bosklopper fan partoer 58 opslaan, mar jammer genoch sloeg hy de bal bûten en dermei behelle Ale Mosselman fan partoer 57 de 2e priis. Piet Bosgraaf koe om 15.45 oere de fleisprizen útrikke oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (23 septimber) slute de 55-plussers it simmerskoft ôf op Sonnenborgh. Hjirby al fêst de datums fan it winterskoft yn de Trije yn Frjenstjer foar dit jier: 7 en 21 oktober, 4 en 18 novimber, 2, 16 en 30 desimber. A-klasse: 1e. Jan Feenstra, Winsum. 2e. A. Mosselman, Goutum. 3e. Johan Sikkema, Emmeloord. 4e. Minne Soepboer, Surhústerfean. 5e. Oeds Broersma, Wytmarsum. B-klasse: 1e. Auke Kuiken, Sint Jabik. 2e. Monte Hallema, Frjenstjer. 3e. Dirk Wiglema, De Jouwer. C-klasse: 1e. Douwe Jongsma, Brantgum. 2e. Jan Hoekstra, Gytsjerk. 3e. Appie Wynsma, Ljouwert. 4e. Teade de Vries, Frjenstjer. 5e. Henk Postma, Frjenstjer. De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jan Feenstra, Auke Kuiken en Douwe Jongsma.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers