contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 25 februari 2009

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 25 febrewaris wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Rinze van der Veen, Wiepie Hasz, Daan Stellingwerf en Johan Sikkema. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 120 op de list. De partoeren 119 en 120 wienen dien om 16.10 oere. Op de stân 5-2 (6-6) moast Henk Vuyck fan partoer 120 opslaan, mar spitigernôch sloeg hy de bal bûten. Om 16.30 oere rikte Foppe de Vries de prizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. De prizen wienen beskikber stelt troch Herman Steneker út Ljouwert. De earste priiswinners krigen in hiele grutte leverwoarst, in fles wyn en in horloazje. Neffens Foppe koenen jo der bêst mei thús komme by de frou. Dan wie der ek noch in ferlotting om in DVD-spyler, dy wûn is troch Henk Noordbruis. De klup kin wol wat jild brûke foar it 15-jierrig jubileumfeest op ‘e ein fan it jier. Nije wike (4 maart) giet it wer oan yn de Trije. A-klasse: 1e. Johan Sikkema, Emmeloord. 2e. Oeds de Roos, Menaam. 3e. Oeltsje Velstra, Idaard. 4e. Luutzen Steegstra, Blije. 5e. Harry de Boer, Sint Nyk. 6e. Jan van der Linden, Amsterdam. B-klasse: 1e. Rinze van der Veen, Koarnjum. 2e. Durk Monsma, Mantgum. 3e. Jouke Punter, Wommels. 4e. Leendert Terpstra, Frjenstjer. 5e. Bert Veldman, Ljouwert. 6e. Anne Koster, Goutum. C-klasse: 1e. Wiepie Hasz, Dronryp. 2e. Pieter Bouma, De Jouwer. 3e. Jouke Lolkema, Seisbierrum. D-klasse: 1e. Daan Stellingwerf, Minnertsgea. 2e. Jan Wagenaar, Winsum. 3e. Jan Hoekstra, Gytsjerk.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers