contact zoeken wedstrijden

“De 4 jongens ut Ie”

Samar in willekeurige snein

Tekst: Aant Pieter Wijnsma

It is sneintemiddei. Ik sit op in bankje bûten, noch min fan stappen. Te wachtsjen op de jongens, om nei de Heren Hoofdklasse partij yn St. Jacob te gean. Krekt nei 2en stoppet der in dikke BMW foar hûs. Teke is hjoed de “BOB”. “Hjoed lekker oan de Cola jong”, sis ik tjin Teke at ik de auto yn stap en de oare jongens begroet. “Gefaar bliuwt it selde”, seit Eelke mei in bleek gezicht. Melle , ek bleek, komt net mear by fan it laitsjen. De radio stiet op Omrop Fryslân mei Geart van Tuinen. Is Chris d'r nog oan, freegje ik oan de mannen. Ja, nog wol seit Teke. Oars kinne we fuort de tinte yn.

Oankaam op it keatsfjild komme we al gau bekinden foarby. Omke Hendrik, Durk en de beide Willems stean by de fiskboer om de kibbeling te testen. 1 fan de Willems hat mear saus yn de trui as yn it bakje. Mar net 1 die der wat fan seit. Prachtig soks. We rinne ut fatsoen earst nei it keatsfjild en Chris W. sjocht us oankommen. Hij makket syn herkenbare hân gebaar. Teke wurdt om bier stjoert. No, 3 bier en 1 Cola dan. En sa giet it de hiele dei wat troch. Wat keatsen sjen , praatsje hjir en praatsje der.

Nei de finale de tinte yn mei hiel faak de band Lays. Prachtig moai. Foar it nije keatsseizoen , hienen we in contract mei in taxi bedriuw ut Ie afsluten. Gjin BoB mear. Yn al dy jieren ha we prachtige sneinen belibbe. Faaks moasten we de moandeis op karakter oan it wurk. En sels nog sjen of freegje wa eins it keatsen wûn hy. At Chris en dy it net wûn hienen. Want dat waard wol fiert yn de klaaiboxen.

Troch it keatsen ha we in soad kunde opdien en freonskippen makke. En foaral in soad dingen belibbe. Dat waard dan op de knkb site setten yn in moai ferhaal. Wer ûnder de kibbeling. Dat waard beoordeeld, hoe wy de muziek, fansels it bier en it froulik schoon. Der wienen sels minsken die eins net wachtsjen koenen op it nije ferhaal fan “de 4 jongens ut Ie” Ek makken we foto’s. En letter sels nog mei in camera op paed. Jammer genoch is dy wei rekke yn Bitgummole. Wat bliuwt, binne de prachtige ferhalen die troch it keatsen ûntstean binne. It jier dat Chris bekend makke dat er ophalde soe waard it foar “ De 4 jongens ut Ie “ ek wat dreech om alle sneinen nog op paad te gean. En sa kaam der ek wat in ein oan us avontoeren op de keatsfjilden.

Mar sjoch der. De geschiedenis werhellet him. Al yn in oare foarm. Pieter, de soan fan Teke en us dochter Dycke keatse no ek. En no besykje we wer de keatsfjilden fan Fryslân. Prachtig moai om wer de minsken te treffen die der doe ek kamen. Allinne wat griezer,rimpels en wat Kilo-tsjes mear. Net elk hjer. En der wurde wer nije contacten lein. Sjochst it mar wer. Keatsen ferbynd. Jolanda en ik hoopje dat Dycke nog lang troch giet mei disse prachtige sport. Ek om yn beweging te bliuwen en nije sociale contacten te creëren. En at de bern sa no en dan ris mei in krans thus komme is toch prachtig.

No, oan't op 'e keatsfjilden.
 
 
Aant-Pieter Wijnsma
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers