contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (114) Brêge

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Biense Dijkstra fan haadsponsor boubedriuw Dijkstra-Draisma sei in pear jier lyn dat hy him in maatskiplike opslagger fielde. Ien dy’t de earste oanset docht om wat yn beweging te bringen, it spul op gong bringt. As haadsponsor fan it keatsen is de stap nei it keatsen dus net sa grut. It spultsje begjint altiten by de opslach, dat set alle oare hannelingen fan de sport yn beweging. Mar dan moat dy bal fansels wol binnen de linen fan de krite falle. Lit ik it wurd krite mar wer ris brûke, oars wit aansens net ien mear dat it in oar wurd foar perk is.
 
Opslaggers lykje betiden kwa trots wol op de adel fan eartiids dy’t op de ferneamde Kaatsbanen harren spul spilen, ek al like dat spul net folle op hoe’t der no keatst wurdt. Keatsen wie doe in foarm fan ‘landveroveren’ of ‘landjepik’ en de hegerein hie neat oars by de ein as nei te tinken oer hoe der wat lân of in kastiel by te krijen. Oarloch of in dochter foardelich trouwe litte mei oare machten fan adel en sa sels mear macht krije.
 
Krige in appke fan de Canarische Eilanden fan Kor Zittema, de keatser dy’t yn 2006 de PC wûn mei Taeke Triemstra en Johan van der Meulen. Hy wie doe al 35 jier en dat lêste jier fan him wie ek yn oare opsichten in geweldich jier. Yn in ferhaal oer Kor, dat letter dit jier yn de Keats! komt die bliken dat Kor benammen in keatser wie fan it evangeelje ‘wat oars’ besykje by tsjinslach of efterstân.
 
De tsjinstanner ferrasse troch wat oars te dwaan. ‘Sei doe wolris tsjin Taeke ‘gean do mar in slach foaryn’ om se wat skrikke te litten’. Want wikseljen is net in foarm fan degradaasje mar in foarm fan taktyk, sa sei Kor en hy hat gelyk. Yn de app fanôf de Canarische Eilanden - leve internet!! - in foto mei de tekst dat Gert-Anne van der Bos mei 5-2 en 6-0 foarstie yn de finale yn Boalsert. Kor appte: ‘Dit bedoel ik dus, om gek fan te wurden’.
 
Hy bedoelde dus dat as je as opslagger fyftjin ballen bûten de linen bringe, dan dogge de oare twa net mei wylst it dochs de bedoeling is dat je it mei syn trijen dogge en ek mei syn trijen winne. Mei 5-2 foar, Taeke twa en Erwin ien boppe dan is it 6-0 mei in net al te grutte keats. Dy kinne je mei risiko opslaan, trije ‘matchpunten’ achter de hân no. Dy twadde mei ek noch bûten, mar dan moat it wol dien wêze want it duo Van der Schoot-Kootstra hong yn de loft as twa parasjutisten wêrfan de parasjute net iepen gie.
 
As je as perk trije fuort slagge, dan witte je dat je sa gau mooglik wer nei it perk moatte. Nee dus, de tredde en fjirde ek bûten en dan spanne je in hiel grut fangnet ûnder dy twa mannen oan de parasjute, dan sjouwe je mei de tsjinstanners op de rêch dy mannen nei in fiif earsten gelyk ta en dan kinne je like goed alle sinten op de goksite Unibet sette. De opslach dus as it begjin en ein fan alles.
 
De opslach heart ek by de Sulveren Leest dy’t in dei earder yn Easterein ferkeatst waard. It is de wikselpriis foar de feriening dy’t beskikber steld is troch Jan Hiemstra, opgroeid yn Easterein as soan fan in skuonmakker. De leest fan de Jong-Feintepartij wie bepaald deeglik te neamen. De sinne baarnde hast it lêste grien fan it fjild, de al even griene frijwilligers gienen mei in amer en spûns by de minsken lâns op de linen om nekke en hannen wat wiet te meitsjen. De sâlte drop kaam ek noch foarby foar de húshâlding fan it focht yn eigen lichem.
 
Ek de leest fan de opslach fan Jorn Lars van Beem en Jurrit Nanninga wie fan sulver, ek al siet de spanning tidens de finale doe al lang yn Kafee Bergsma oan de tap. De trije fan Dronryp dienen mei, alle trije op in wize dy’t Taeke in dei letter stikem ek foar eagen hie. De brêge tusken keatsen en libben wie yn Easterein al slein, de Sulveren Leest foar de trije jonges, de krânse en de sels betochte Gouden Leest foar Mark Minnesma dy’t syn libben wer opbout.
 
Taeke hope in dei letter dy brêge ek te slaan, hy hope op dy iene bal op de seis, dy iene bal dy’t rjochting boarterstún soe om de trije punten binnen te heljen. Mar benammen bedoeld foar it fertriet fan coach Gabe Leeuwen dy’t syn beppe snein ferlear, bedoeld foar hait Reinder yn it sikehûs, it goud fan wer trije punten dy’t fan it libben betiden in kadootsje makket, it wat moaier makket. En dat is betiden wol nedich.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers