contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (113) Seefûgels

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Sakket it keatsen wei yn de tiid of wurdt it keatsen troch de tiid ynhelle, sa tinke je wolris. It is mei tank oan de techreuzen de tiid dat elts mar wat roppe en raze kin online. Yn it ferline wienen al dy mieningen der ek al, mar dan hienen je it gelok dat je it net hoegden oan te hearren of te lêzen. De papieren kranten wienen doe de boadskippers en de finsters op de wrâld. Elk mei in eigen identiteit of oertsjûging.
 
Fansels besiket elke krante noch wol in bytsje syn eigen identiteit te hâlden mar je kinne ek sizze wat is dat dan dy eigen identiteit en hoe sjogge je dat? It wichtichste ferskil tusken it FD en de LC op dat mêd is dat it FD de haadklasse ek op sneon docht en net allinne op snein sa as dat wenst is by de LC. Mei útsûndering fan klassikers lykas bygelyks de Jong Famme Partij yn Mantgum sa’t de moandeis ek te lêzen wie yn it FD.

Foar Harns wie it wat sneu dat der gjin omtinken wie foar dy partij, teminsten net op de papieren of online wize as oars. Fansels wienen de Miedema’s wol paraat om fia beslissende mominten fan in earst of partij even in fragmint fêst te lizzen mei ôfslutende petearen. En sa kinne je it as je dat wolle yn grutte lijnen thús ek folgje. Us aller Klaas Postma foar de site fan de KNKB moast per hege útsûndering ôfsizze fanwege famylje-omstannichheden dy’t achterôf gelokkich tige tafoelen. 

De tiid hellet dus eins ek it papier en de pinne yn as it om keatswedstriden giet. De twa kranten FD en LC, beide ûnder in Belgyske paraplu, tinke oan rendemint, tinke oan de ‘doublering’ om elke kear twa man nei in keatspartij te stjoeren. Trouwens dy gearwurking sil aansens ek op it fuotbalfjild pleatsfine. En sa is der in bredere basis oan sjoernalisten sadat je mei mear minsken it selde dwaan kinne. Sa kin miskien ‘ondergetekende’ nei dit jier dochs echt in kear mei pensioen.
 
Mar de skaadkanten fan dy tiid komme ek boppe driuwen, online biedt oan elk in poadium om syn of har miening te jaan sûnder dat der bepaalde ferantwurdelikheid oan fêst sit. Dan is it hearlik roppen en razen en dat bart ek, elk kin mar wat roppe en raze en as wy ús beheine ta it keatsen dan liket it betiden wol in merke mei mar ien attraksje, de sjittinte. Elk mei gratis sjitte en it doel is de lêste tiid elke kear wer de KNKB, mei as mantra: ‘keatsbûn doch der wat oan’. En dan ha wy it benammen oer it taalgebrûk by jeugdwedstriden dy’t betiden aardich út de bocht fleane.

Op de poster ‘Veilige kaatssport’ fan de KNKB steane fanselssprekkende dingen dy’t net mear fanselssprekkend binne want oars beneame je se net as keatsbûn. En dochs noch kommintaar fan ‘doch der wat oan’.
 
Litte wy foarop stelle dat net elk in verbale Kalashnikov of AK 47 op ‘e rêch hat hingjen, dus net elk kin misdragingen op effisjinte wize ôfsjitte. Sels jierren mei eigen fuotbaljeugd op paad west en as je soks - ‘misdragingen of skelwurden’ - tsjin kamen of hearden en je stienen yn ‘e buert, dan ‘doppen je der sels mei ôf’ sa’t dat yn ‘e Wâlden sein wurdt. Net by elk ferkeard wurd dat je hearre roppe ‘fuotbalbûn doch der wat oan!’ Want dy fuotbalbûn wurke ek mei posters dy’t minsken oproppe harren in bytsje te gedragen.
 
Mei oare wurden, is de keatsbûn de nije oerheid fan de koroanatiid? Moat de keatsbûn nei buorman Dútslân ta om wat Stasiminsken fan it ferline yn te hieren dy’t dan mei in reinjas oan en sinnebril op elkenien út namme fan de nije ‘oerheid’ KNKB yn de gaten hâlde moat? Komt noch by dat de KNKB der wol wat oan docht, kontakt opnimme mei de keatsklup fan Arum doe’t it dêr wat út de bocht fleach en dat ha se earder ek al dien.
 
Sjoch je moatte wol op ‘e hichte wêze ear’t je wat roppe en raze ek al heart dat by de tiid fan no. Sa’t elk no syn mieningen sûnder ferplichtings online set docht tinken oan de Actionwinkels: goedkeap. It docht tinken oan seefûgels yn de loft dy’t oeral delskite en fierder fleane en dan ferwachtsje dat oaren it wol opromje.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers