contact zoeken wedstrijden

Utslach 55+ de Trije 9 april 2008

De 55+ hat woansdei de lêste partij fan it winterskoft spile yn de Trije yn Frjenstjer.

Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list. Omdat wy op ‘e tiid dien wêze moatte, moasten de mannen fan de C- en D-klasse de earste fan de trije partijen mei earsten gelyk begjinne. De lêste partij, fan de partoeren 107 en 108 wie dien om 16.00 oere. Minne Soepboer wie drok mei syn ferhúzjen, sadat Piet Bosgraaf lotte hie. Foppe de Vries (no erelid fan Bûtenpost) hie, sa as er dat altyd docht, de punten fan de spilers optelt. Om 16.20 oere hat Piet Bosgraaf de fleisprizen útrikt oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. It foel op, dat de Sikkema’s út de polder de bêsten wienen yn de A-klasse. Pas op it 4e en 5e plak fine jo de mannen út Fryslân. Op 14 maaie hawwe de 55-plussers de earste kriich wer op it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert. A-klasse: 1e. Kees Sikkema, Dronten. 2e. Johan Sikkema, Emmeloord. 3e. Jan Veentra, Apeldoorn. 4e. Evert Heeg, Easterlittens, 5e. Frans Postmus, Hitzum. B-klasse: 1e. Henk Noordbruis, Marssum. 2e. Lieuwe Meijer, Berltsum. 3e. Monte Hallema, Frjenstjer. 4e. Gerrit Winkel, Sint Anne. 5e. Piet Keizer, Sint Anne. 6e. Wiep Harz, Dronryp. 7e. Anne de Jong, Middenmeer. C-klasse: 1e. Jolly Dooper, Gytsjerk. 2e. Joop Faber, Deinum. 3e. Douwe Jongsma, Brantgum. 4e. Durk Kamstra, Frjenstjer. D-klasse: 1e. Johannes Algra, Frjenstjer. 2e. Theo Smit, Frjenstjer. 3e. Daan Stellingwerf, Minnertsgea. De priiswinners mei de krâns op de foto flnr.: Kees Sikkema, Johannes Algra, Henk Noordbruis en Jolly Dooper.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers