contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (79)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Leafde

Leafde
 
No’t de FvD him ek al mei de flagge bemuoit, kost it noch mear muoite om op de hannen sitten te bliuwen. Litte wy it der op hâlde dat de PC noch altiten bedoeld is as partij om it keatsen foar it ljocht te bringen, in earbetoan oan de keatssport, dat it om de keatsers en keatsen giet. It is gjin multyfunksjoneel sintrum wêryn elkenien mar syn eigen hobby útleve kin yn de waarmte fan de skynwerpers dy’t PC hyt. De PC is der foar de keatssport en syn omballingen en as je gek binne op dy prachtige omballingen lústerje dan gewoan nei PC Kafee dy’t benammen sneon en snein izersterke omlopen hie.
 
Nei hast tweintich jier PC Kafee binne der fansels mindere omlopen west. Dat kin ek net oars, de iene omloop rint better as de oare. Mar sawol sneon as snein spatte de leafde foar it keatsen fan de radio of kompjûter ôf, oer juster mei in brekbere Hylke Speerstra dy’t noch altiten prachtich fertelle kin oer dat gouden horloazje fan Klaas de Jager.  Dy’t  fan klearebare earmoede dat horloazje ferkeapje moast. Of dat moaie debút as kollumnist fan Bouke Poelsma dy’t sa hope dat syn broerke dit jier op de PC soe stean. Mei as intermezzo Wiebe van Dijk dy’t, mits koart hâlden, fantastys fertelle kin oer syn keatsen.
 
Of oer dy kwetsbere en hiel aardige Reitse Mienstra in dei letter op snein dy’t einlik syn ferhaal ris dwaan mocht. Dy’t fertelde oer de twa maten Gerrit de Jong en Jarich van der Veen dy’t respekt toanden en dy keningspriis ek net ha woenen. De miks fan hjoed en juster sûnder yn it ferline hingjen te bliuwen. In Johannes Brandsma dy’t mei de wiisheid fan in Johan Cruijff it ‘boetekleed’ oanlúts en sei dat hy as bêste fan de trije de echte ferliezer wie op de PC fan 1980 en 1981.
 
 
Oare wike is de Freule, ha altiten efkes in momint om je byprate te litten troch Hijlko Broersma dy’t tige tared hast alles wit fan it jongeskeatsen. De leafde foar de feiten, altiten tsjinstber op de eftergrûn, mar hy wit krekt lykas Geert van Tuinen wol altiten wêr’t hy it oer hat. Hijlko docht oan in foarm fan sjoernalistyk dy’t de klam leit op tsjinstber wêze oan de harkers, der foar soargje dat dy in goed byld krije fan it keatsen. Hijlko is mei pensjoen en krúst tegearre mei Imkje troch Fryslân op in al dan net elektrise fyts. Mar rûnom de PC en Freule is hy der gelokkich noch altiten by.
 
En ferjit net dat keatsen mear is dan allinne in Freule of PC. Tink oan minsken as Richard en Walter Miedema dy’t al digitaal fertelle wat der op partijen foar pupillen bart, wylst de measte minsken op de PC dan noch net in bal sjoen ha. Se hâlde in keatsseizoen lang mei de soannen de minsken thús op de hichte, fan pupillen oant 55plus. Wol mar sizze dat leafde foar it keatsen allinne op PC en Freule like maklik is as fereale wurde op Miss Universe.
 
Ids Hellinga hie it op de lotting oer in ‘deltaplan’ om de keatssport te rêden, mar giet foarby oan de krisis yn de keatssjoernalistyk. De Ljouwerter Krante hie in trije-kolommer oer foar twa partijen, de Rengers en Makkum. Miskien is de tiid fan papieren kranten foarby, ek al pakt it Friesch Dagblad as keatskrante nûmer ien it wol goed oan. Mar hoe lang noch, no’t de Belgen it rekkenmasjyntsje op tafel ha stean. It kin dit jier sa mar de ‘zwanenzang’ fan dy krante wêze. Miskien is de tiid dat de siel fan it keatsen fêstlein wurdt op papier wol foarby. Der binne hast gjin jonge sjoernalisten mear te finen dy’t ek oer keatsen skriuwe kinne, mei in pear útsûnderingen dan.
 
Werom nei de leafde foar it keatsen. Werom nei al dy besikers dy’t moarn fiifentachtich kear troch de bûsen geane om nei te gean of sy dy útprinte koade wol meinaam ha en it id-bewiis. Minsken op leeftyd dy’t troch dochters en soannen by de hân naam wurde lâns de klippen fan it smelle digitale paad mei de app foar de QR-Code.
 
Sjoch yn de stielblauwe eagen fan Thomas Dijkstra, achttjin jier, debutant, en hy hat it keatsen no al yn ‘e kop neffens pake Thom. De pake moast yn 1964 op 12 augustus noch achttjin wurde doe’t hy foar it earst achteryn stie by broer Gerrit en Pier Koopmans fan Weidum. It waard in fjirde priis. Tink oan oare achttjinjierrigen lykas Hein Zijlstra doe’t hy yn 1965 de PC wûn of Sjoerd Heeringa yn 1962. Mar tink ek oan Taeke Triemstra, yn 2000 as santjinjierrige (yn desimber achttjin) in tredde priis wûn, hy stiet der noch altiten, sjoch nei syn tsjinslach en je witte wat echte keatsleafde is.
 
Der sille moarn in bytsje minsken wêze dy’t sa’n grutte leafde foar it keatsen ha as pake Thom Dijkstra. De wiisfinger omheech as hy it oer it tuskenspul hat. It steanbliuwen fan in opslagger nei de opslach, of twa keatsers dy’t de selde kant oprinne yn it tuskenspul. Of in foarynse dy’t stean bliuwt en net achter de bal oanfleant. ‘Dan kinst my wol rjochtút stekke’, sa seit Thom dy’t de hiele dei it spul folget. En it spul sjocht. Gjin bier en gjin omballingen. Sjoch dan ha wy it oer de echte leafde foar it keatsen en dat giet krekt wat djipper as it ophingjen fan in flagge foar de Bühne.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers