contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (75)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De wyn

De wyn hâlde yn Mantgum de adem yn doe’t hy dat tengere famke fan 17 jier oan de opslach stean seach. De blêden hongen noflik oan de beammen, bliid mei de rêst want der stie net in suchtsje wyn. Dy blêden wisten net dat de wyn gjin ferstân fan keatsen hie want oars hie hy wol wat mear gas jûn. Want dat tengere famke Moniek Lootsma hie de rêst fan de wyn yn Mantgum net nedich om de bal sa mar, soepel en sierlik, twa meter oer de krite hinne te tillen. Ek Amarins de Groot hie dy wyn net nedich om de ballen rojaal boppe te krijen.
 
It keatsen wie in wike earder yn Holwert útein setten, de jeugd wie fansels al earder los. Metske van der Ploeg fûn dat de hannen wol wat mear op elkoar mochten by in sitbal of in boppeslach en hy is ien dy’t dat dan ek seit. Doe’t de finale yn Holwert hast dien wie socht Metske treast by in Hertog Jan, syn wurk siet der op en syn oprop hie net sa folle losmakke. Hy hâldt de Hertog Jan omheech en sei wize wurden: ‘Hjoed makket dit datst dy jonger fielst dan ast bist, moarn fielst dy âlder dan ast bist’.
 
Yn Stiens hâlde it klappen ek net oer, ja by tuskenspul dat trije of fjouwer kear hinne en wer gie. Klappe dus foar trije foute retourslaggen en ien goede retourslach want der komt dochs in kear in momint dat it ophâldt. Yn ‘e finale klapten in pear minsken ferkeard, stadich klappe lykas by tennis, it kin net faak genôch sein wurde: hâld dêr mar mei op, it past net by it keatsen. As je dan dochs klappe wolle, doch dat dan as Gabe-Jan van Popta op prachtige wize, it is in tikje, in bal fan Marten Bergsma fuort slacht. Want it wie yn Stiens fansels mear as allinne Chris Wassenaar. Ek al wie it prachtich om him te sjen en sa no en dan te hearren.
 
Mei teksten as ‘Ik miende datsto lytser wiest’ tegen Renze Pieter Hiemstra dy’t in as tuskenynse bedoelde bal op hichte krige. Maat Gabe-Jan van Popta hat thús noch in foto dat hy as jonkje neist Chris stiet. It lytse bernehantsje yn dy grutte hân fan Chris en dan op de foto fansels.  Nei ôfrin dienen de bern fan de blokjes fan Stiens it selde. Want in man as Chris is yn alles grut en foar bern is dat fansels fantastys.
 
Fansels kinne je sizze dat it ‘wonder’ fan Stiens eins net gebeure mei. Partoeren dy’t al in heal jier yn trening binne meie soks net ferlieze fan in partoer as dat fan Chris Wassenaar. As der trije fjirtichplussers yn sa’n partoer sitte dan kinne je sizze dat soks net gebeure mei. Mar Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar hearre ta de grutste talinten yn it keatsen. En lieten dat yn Stiens sjen omdat Chris der by wie. De fleurige mentale coach dy’t de moed der ynhâlde. In bytsje sa’t yn it ferline by in trochinoarlotters partij de top de talinten by de hân naam.
 
Mar de wyn wie ek yn Stiens noch op fakânsje en dan doarre je as kanon oan de opslach de bal net sa gau te tillen want foar dy mannen leit de kwea tichteby. Allinne yn it echte libben jout de wyn him nea del. Hy blaast de dagen en de wiken fuort op de wjukken fan de tiid. Der is sa mar in jier om, sa suchte Coby van Wieren yn Mantgum. ‘Al wer in jier lyn dat Robert wei is’, sa sei sy. Je soenen hast feest fiere yn tankberens dat je der noch binne, dat je der noch wêze meie, dat je wer sjen kinne en sjen meie nei it keatsen.
 
Tankber dat je mei de soan ferivige wurde op de foto fan Henk Bootsma sa as Walter Miedema dat is. Yn maart fan dit jier ‘genezen verklaard’. ‘Twa jier lyn siet Popke van der Zee noch neist my yn Mantgum, trije jier lyn de mem fan Aukje van Kuiken. Kinst begripe dat dit foar ús dan hiel bysûnder is dat ik der wer sûn mei de soan mei ús passy oan it wurk bin’, sa seit Walter. Lit de wyn fan de tiid him noch mar even deljaan sa as yn Mantgum.

Balkfoto75

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers