contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (54)

Tekst & Foto: Rynk Bosma

Sinneblommen

‘De sinne skynt altyd yn Fryslân’ sa stiet op in kaart fan de Friesland Post. In Amerikaanse countrysjonger wist it ek al, as de sinne him op de skouders skynde lake it gelok him temjitte. Betiden is it sykjen om de sinne en betiden liket it dat de sinne net te finen is, it is mar hoe’t je nei it libben sjogge. Nim de partij yn Arum, moai waar en fanwege it bier yn de tinte wat letter begjinne. Twa kear bruts de himel iepen en liet wat drippen falle.
 
En dan komt de sinne om ‘e hoeke en hoe’t je nei it libben sjogge. De ien sil sizze it hat reind yn Arum, de oar fynt dat it prachtich waar wie. Op wei nei hûs stie it wurdsje ‘koning’ al efter de namme Marten Bergsma en hy soe it ek wurde yn it ferhaal oer Arum. Wat letter op ‘e jûne kamen de twa as trije boppeslagen fan Hans Wassenaar oan ‘e ein fan de partij foarby. En doe gienen de tinzen ek nei de PC fan 1965 doe’t Hein Zijlstra trije sitballen joech yn de finale. Dat lêste bleau doe hingjen en se makken Zijlstra kening wylst fansels Martinus Santema de echte kening fan de dei wie.
 
It sil dochs net dat dy twa of trije ballen boppe it effekt hienen fan te lang yn ‘e sinne opsjen? En ja hear, Hans Wassenaar kening en dat lei krekt sa ticht by de wierheid as in waarman dy’t seit dat it de hiele middei yn Arum reind hat. It is mar wat je sjen wolle.
 
De sinne is moarn moaier as op alle oare dagen fan it jier want it is PC. Je meie yn it ljocht fan de sinne meimeitsje hoe’t jonges yn de maaitiid fan harren libben oer it fjild fleane. Kwea, bûten, sitbal of boppe, it binne de skerprjochters oer gelok of fertriet, it binne de prinsipes dy’t foar ien dei wichtiger binne as alle oare dingen yn it libben. En soks mei op sa’n dei. 
 
Johannes Westra sei op de lotting ‘Myn tiid is foarby’ en dat kin slaan op de tiid dat hy de hege hoed op ‘e holle hie of op de tiid dat hy mei dy ivige sinnebril op yn de krite stie. Ik tink, dat lêste. Mar wiis genôch om de holle te bûgen foar de wetten fan it libben. Tankber dat hy der moarn wer sitte mei, tankber dat it libben foar him is lykas op de foto,elk mins mei syn eigen kleur en dat makket it ta sa’n moai gehiel. Witte dat alles foarby giet. 
 
Ferline jier siet Heleen Bruinsma yn alle iensumheid achter de reklamebuorden te wachtsjen op de dei dy’t komme soe. Neist har trije sinneblommen, krigen fan ien dy’t fûn dat sy wol wat sinne brûke koe en symboaliser as in sinneblom kin it hast net. Tinke oan minsken dy’t net mear neist je sitte, tinke oan de foarste rige fan de tribune oan de Foarstrjitte. Fêste plakken foar de fjouwer Van Wierens. Dit jier sit allinne Jos der noch, Klaas kin it fysyk net mear dwaan, Robert sit aansen yn ferpleechhûs De Hofwijk en Wiep moat de PC dit jier om reden fan sûnens ek foar it earst yn 55 jier misse. 
 
Ek dit jier ha der wer guon trije sinneblommen krigen. Altiten trije, want trije is in partoer, trije is de dream fan alle minsken om de partij fan it libben te einigjen as kompleet partoer. Wachtsje oant de sinne wer skine sil om’t it partoer nea wer kompleet wêze sil. De man achter dy sinneblommen is te beskieden om hjir by namme neamd te wurden. Altiten tsjinstber oan oare minsken, altiten yn it skaad fan oare minsken. Gauris oer de holle sjoen of fergetten, mar as mins wol sa grut dat hy each hat foar wat oare minsken misse moatte. Om dy reden wurdt him hjir, yn ‘e oanrin nei PC nûmer 166, in papieren sinneblom oanbean. Foar even út it skaad wei, foar even yn it sinneljocht dat elts mins in bytsje gelokkiger makket, foar even sjen litte dat elts mins syn eigen grutheid hat. 
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Suppliers