contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (51)

Tekst Rynk Bosma
foto: Henk Bootsma

Wetten

Yn ‘e sjoernalistyk is der ien wet wêr’t je nea de gek mei ha moatte en dat is de wet fan de nammen. Yn dit gefal de namme Klaas Politiek fan Lollum dy’t yn it Friesch Dagblad neamd wurdt as de foargonger fan Gabe-Jan van Popta. De wet is dan dat je oaren net neame, en slimmer noch, oaren oerslagge dy’t it fertsjinje om mei stip neamd te wurden. Frou Politiek wie sa sportyf en belle fuort dat it sneu wie foar Hotze Rusticus, de PC-winner fan 1989 en 1994 dy’t ek fan Lollum kaam. En sa is de fout in bytsje rjochtsetten.
 
Fout en goed is hjir maklik rjocht te setten, mar dat jildt net foar in hiel soad oare wetten. As it goed is marsjeare ‘geest en letter’ fan de wet hân yn hân en binne elkoars freonen. Teminsten as it goed is. Dat is net altiten it gefal. Sil it net ha oer de mannen dy’t der yn Easterein net wienen mar wol tsjin it skriuwen fan in brief yn op de Horecapartij yn Ljouwert. Nei it skynt ha dy mannen ien partij hielendal yn it perk útslein, oant de tsjinstanner syn nocht hie. Soe sizze lit de ‘letter’ fan de wet syn wurk dwaan.
 
In hiel oar ferhaal is de helpende hân fan Daniël Iseger yn Huzum. As nûmer ien en twa keatse kin der net bylotte wurde, foar de earme Sjoerd de Jong duorre it mar eefkes doe’t in hamstringblessuere him fierder keatsen ûnmooglik makke. En dan ha je Iseger oan de kant stean, izersterk skouder mei in twadde opslach en in helpende leafhawwer. Healweis de partij kaam hy der ta syn grutte skrik efter dat hy eins noch skorst wie, dus net keatse mocht. Moat hiel eefkes oan Johannes Brandsma tinke dy’t yn Dokkum ek in maat te min hie. ‘Dan ús heit mar mei’, sa tocht Brandsma junior. Mar yniens seach hy Sietse van der Meer ûnder de taskôgers, dus Sietse mei. En…heit Brandsma lilk want hy rûn sa it tientsje reiskostenfergoeding mis…
 
Yn it gefal Iseger soe ik sizze, lit de ‘geest’ fan de wet syn wurk dwaan want stel je ride lâns it wetter mei de auto en der leit ien yn it wetter. Hurd de auto mar efkes op in parkearplak foar invaliden, want der wie oars gjin plak, hân útstekke en de man as frou it wetter úthelpe. Dan komme je by de auto en krije je in boete om’t je dêr net stean meie…. Iseger sels fynt it net slim om skorst te wurden, mar dan moat de Bond wol dúdlikheid jaan oangeande ferskillende saken. Want, sa seit hy, wy binne mei ús allen gek op dit spultsje en fjochtsje mekoar om it minste de tinte út sadat je je ôffreegje wêr giet it hjir oer.
 
In terjochte opmerking want it keatsen is in lytse sport mei in soad geëamel oer wetten en regels, as hong it libben der fanôf. Set dat allegearre ris ôf tsjin de wetten fan it libben dy’t gjin ‘letter en geest’ ken. Wie yn Easterein en de finale moast noch begjinne, Rimmer en Annie Osinga kamen efkes mei it hûntsje del. Se gienen nei hûs en wachten de finale net ôf.
 
Yn ‘e auto op wei nei hûs gienen de tinzen net út nei dat it te let dien wie, dat guon net goed genôch keatsten of dat it te kâld wie. Nee, hie de triennen yn de eagen doe’t ik tocht oan dat grize gerdyn fan fertriet fan Rimmer en Annie Osinga. It hûntsje oan de ketting gie mei de sturt hinne en wer sa’t dat hûntsje elke dei mei swaaiende sturt temjitte stapt. It hûntsje hat gjin weet fan it grize gerdyn oan de oare kant fan it ketting yn de hollen fan de beide bazen. Hat der gjin weet fan wat it is om elke dei yn te gean as sitte je yn in ‘cocon’ fan fertriet, mei dat grize gerdyn dat alles wat ea kleur hie yn it libben no grys en grou makket. De boaium fan it libben en je sykje mei je twaën om hâldfêst. Je geane elke wike even nei it keatsen wêr’t elts syn kuier docht fan bûten, kwea of boppe. Foar de measten is it ‘alwer’ moannen lyn dat Rimmer en Annie harren dochter ferlearen.
 
Je geane elke wike yn dy moaie Peugeot Cabriolet nei it keatsen en hoopje dat troch wat oanhâld it gerdyn efkes fansiden skood wurde kin sadat je in momint it blau fan ‘e loft sjen kinne, of it read fan de roazen en it grien fan it gers. Hoelang soks duorret is net te foarsizzen, betiden helje se de finale, faker net.
 
Want de Tiid stiet foarbêst op en achteryn mei de Keatssport yn it foarperk. It is niks niks en twa om ‘e neat, de Tiid moat syn wurk dwaan oan opslach en yn it perk. Rimmer en Annie binne de balkearders en kinne allinne mar hoopje dat it gerdyn mei de tiid wat langer iepen bliuwt, dat de partij nei de fjouwer earsten rint. En as ivige echo yn ‘e holle de wanhoop fan de wurden fan Douwe Annes Tamminga: ‘Fiel ik har fuotstap nêst my yn ‘e rein? It is foarby, elk omsjen is forgees.’   
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers