contact zoeken wedstrijden

Pupillenjongens Door elkaar loten B met verliezer

16 mei 2009 10:00
Goenga
Categorie Pupillenjongens KNKB
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Mei 14 partoeren op 'e listen keatsen de B-klasse fan de jonges pupillen flot en fleurich de list troch. Yn de 1e omloop, in protte iensidige partijen. Hjir ek, krekt as yn 'e A-klasse in protte bûtenslaggen troch de hurde wyn, mar it wie droech.
De finale gie tusken it duo Edwin Miedema en Kars Eekema, dy't tsjin Niek Boelens en Fedde Akkerman bretaal fjouwer skjinne earsten foarsprong namen. Doe stûke de motor even, Niek en Fedde kamen by oant 4-3. Der moast even praten wurden en prottele en sa pakten Edwin en Kars troch en wûnen dochs noch fertsjinne op 5-3 6-4.
Yn de ferliezersfinale gong de winst nei Wilco van der Veen en Willem Ruisch, dy't op 5-2 6-4 wûnen fan Bonne Hijlkema en Dennis Fennema.

De útslach:
1. Edwin Miedema (Peins) en Kars Eekema (Dronryp)
2. Niek Boelens (Damwâld) en Fedde Akkerman (Stiens)
3. Floris Visser (Rie) en Robert Broeders (Rie)
3. Wybren Sjoerd Postma (Ingelum) en Jimmy René Geertsma (Dronryp)
Ferliezersrûnte:
1. Wilco van der Veen (Jirnsum) en Willem Ruisch (Stiens)
2. Bonne Hijlkema (Jorwert) en Dennis Fennema (Frjentsjer)

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers