contact zoeken wedstrijden

Senioren Vrije formatie

7 juli 2007 10:00
Easterein
Categorie Heren 2e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Hjoed wienen de senioaren frije formaasje te gast yn Easterein.
Op in knap fjild mei goede waarsomstannichheden (gjin drip wetter hân) waard der mei 11 partoeren keatst.
Foarôf hienen we op dizze webside frege om net op fuotbalskuon as blades te keatsen. Der waard prima gehoar oan joen. In wurd fan tank oan de keatsers is op syn plak.

Yn de heale finale keatse Pieter Vogels, Grins, Hielke Miedema, Menaam en Douwe Anema, Nes tsjin Robert Grovestein, Winsum, Johan Binnema, Akkrum en Marten Faber, Easterein. De lêsten winne dit mei romme sifers, 5-1:6-4 en komme yn de finale.

Der treffe 2 Eastereinders inoar. It jonge partoer mei Geert Dijkstra, Winsum, Redmer Strikwerda, Wommels, Bauke Dijkstra, Easterein mei it der besykje tsjin Robert en-dy.

Hja witte aardich by te bliuwen mar komme oan it ein dochs op 2 buordjes efter, 5-3. Op de stân 5-3:6-6 slacht Robert de bal op. Bauke slacht goed út mar de bal falt krekt oer de kwea.

Dermei binne Robert, Johan en Marten de winners fan dizze frije formaasjepartij foar KNKB Senioaren.

1. Robert Grovestein, Winsum, Johan Binnema, Akkrum en Marten Faber, Easterein
2. Geert Dijkstra, Winsum, Redmer Strikwerda, Wommels, Bauke Dijkstra, Easterein
3. Pieter Vogels, Grins, Hielke Miedema, Menaam en Douwe Anema, Nes

Wedstriidstiper:
Grafische Groep Van der Eems – Easterein
Sjoch ek op www.kfeasterein.nl

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers