contact zoeken wedstrijden

Balkearder (120) Keet

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Organisatie Keetpartij.

De partytinte op de boppe fan OKK Bitgum like mei syn trije ‘koepels’ wol op in kastiel út ien fan de mearkes fan Grimm. Bitgum, trije dagen doarpsfeest en gewoan feest rûnom feesttinte, draaimûne, en alles wat der noch mear by heart. Koartom keet yn de betsjutting fan wille. Mei op it fjild ek noch muzykkorps Harmonie. Tink net dat Evert Heeg kwa feest hjir sechtich jier lyn op syn oargel of piano tsjin op koe, ek al wie it doe ek al keet mei keatsen op it âlde fjild.
 
Twa of trije dagen Van Aisma as stichting op de troan tegearre mei Oefening Kweekt Kunst (OKK), parkeare ûnder de beammen en dat docht ien fan de Wâlden altiten deugd. Mar, sa sei in parkearwacht, jo meie mei de tsjillen mar op de helte fan dy grize stiennen bân stean. Dat moat fan de gemeente De Waadhoek want oars steane je te djip yn de berm en dan kinne je seldsume plantsjes ferniele. Knikte braaf en tocht dit ferhaal kin in moai plakje krije yn de partytinte fan Bitgum ûnder it haadstik ‘Sprookje’.
 
Dat wie it ek in bytsje foar it partoer fan Peter van Zuiden, Gerben de Boer en Willem Heeringa. Willem hie jierren lyn ek al ris yn de finale fan de Van Aisma stien en no wer. Willem hat der sawat nea ien út, sa no en dan ien boppe mar meastal leit hy in keats want Willem wit dat it by it keatsen om keatsen giet, dy’t dan ferdigene wurde moatte of foarby slein wurde moatte. Of net fansels. De maat fan Willem is Peter en ek hy wit dat it dêr om giet. De man fan de pleatste bal wylst ek Gerben as tredde maat op de boppe it fizier net op dy oare tribune hat, mei oare wurden dellizze dy bal.
 
Sneons hie Hessel Postma al sein dat de opslach fan syn winnend partoer de deeglikheid hie fan ‘Bûtenslaan as it koe’. Je kinne ek sizze ‘Zij maakten fouten op momenten dat het kon’, sa as Hiemstra dat sneons sei. Mei de snein as de dei fan ‘aanschouwelijk onderwijs’. Want as je lykas Renze Hiemstra fjouwer kear op de boppe de bal retour slaan wolle om eigen opslagger oan de opslach te hâlden dan moatte je wol wis wêze dat dy bal earne yn de buert fan Johannes Westra yn de tribune terjochte komt. Want bart dat net, dan is it striemin werom, yn ‘e bek fan de achterynse. ‘Slecht werk maat’, sa sei Westra as keatser wolris. Net echt taktys, mar wol wier.
 
By Hiemstra slagge dat allinne yn de finale in kear, de oare trije of fjouwer kear wiene it fouten dy’t makke waarden om’t it koe. Ek al omdat de oare toppartoeren mei útsûndering fan it partoer fan Gert-Anne in snipperdei naam hienen of gewoan harren dei net hienen. No wienen Hiemstra en Wassenaar fansels dwaande om it mearke fan harren ôfskie noch moaier te meitsjen dan as it al wie. It docht hast sear te betinken dat je it oare jier net mear nei dit perk sjen kinne. Troch de gouden haadpoarte nei bûten stappe, in moaier ôfskie is der hast net.
 
Want betink wol dat de tiid as in seine (zeis) troch it keatsgeheugen giet, hoe grut je ek binne of wienen, der komt in tiid dat gjinien it mear wit. Ried oer Bartlehiem nei Bitgum en dat achter in auto dy’t him presys oan de snelheid hâlde. Moast ek nei Bitgum, mar wie net hastich. Jarich van der Veen dus, de winner fan fyftich jier lyn. De sierlike opslagger like soepel as in flinder, de opslagger fan de platte bal. Sjoch noch in lilke Johannes Westra op de PC fan 1970 want hy hie muoite mei dy platte ballen fan Jarich.
Jarich as ‘voorbeeld in de verte’ foar de opslaggers fan no. Want dy platte bal soe in soad boppeslagen fuort helje. Ast sjochst hoefolle perk in Taeke nimt om sa de tuskenynse der út te heljen want nei in bal rikke is syn evangeelje. Fansels is der noch wol de platte bal, Marten hat him en ek Hendrik hat him en dan neame wy noch net iens in Tjisse of Gert-Anne. By de toppartoeren ha de measte opslaggers him wol yn hûs, mar de sa neamde pleatste ballen binne kwetsber foar de nap, sa die snein bliken.
 
Mar Jarich van der Veen ek as foarbyld fan dat de tiid alles ferdwine lit. Der wienen net in soad dy’t him noch koenen. De tiid dy’t ek yn it keatsen as eb en floed alle spoaren op it strân fan it libben fuort spielt. In oare tiid, krekt lykas ‘keet’ in wat âlderwetsk Frysk wurd is foar wille, in tapaslike reden om yn in doarp in ‘keetpartij’ te hâlden. Mar dat sûnt de Keetpartij fan Burchwert fan ôfrûne snein even in hiel oare betsjutting krigen hat. De ôflaste Keetpartij yn Burchwert moat yn stilte de fuotprinten fan ferlies op it libbensstrân ûndergean. Wachtsje op eb en floed dy’t alles wat sêfter makket, mar nea hielendal alles ferdwine litte kin. In krânse op in leech keatsfjild dy’t alle ‘keet’ ferdwine lit yn de stilte fan ferlies.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers