contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (119) Gunne

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De oar wat gunne, yn it keatsen kin dat it ferskil wêze tusken winne en ferlieze. In topkeatser gunt de oar noch gjin twa punten, of it moat sa wêze dat de oar gewoan in bettere dei hat as dat je sels ha. Mar soks litst net earder sjen dan as de partij foarby is. Sjoch Renze Hiemstra yn Moarre op in stoel mei de fuotten op in reklameboerd sitten, gjin ien yn ‘e buert en tocht sels fan ‘slach him mar efkes oer’. Yn ‘e Wâlden sizze wy dan: ‘Hy hie de hel yn’. Yn it gefal fan Hiemstra wie dat wis sa, hoe kinne je sa’n finale út hannen jaan tsjin in partoer wêrfan twa fan de trije wat mankearde.
 
It giet no oer de finale fan sneon yn Moarre-Ljussens, tusken de partoeren fan Tjisse en dy fan Gert-Anne. It rûn as in trein mei Tjisse oan de opslach, ‘Noch net sa hurd opslein as hjoed’, sa sei Taeke nei ôfrin. Dus mei 3-1 foar, en doe tocht sels in winner as Gert-Anne fan: ‘Dy mannen sille it wol winne’. Op 3-1 in sitbal fan Gert-Anne, wer in sitbal, niks nijs yn it gefal fan Gert-Anne, 0-4. Mar nei dy twadde bal krige hy lêst fan de wreef. Dus dêrnei foarminst op mei noch trije sitballen wêrfan de lêste op 5-4 en 6-0. Mei in Erwin dy’t sjen liet wat hy kin as hy in soad wurk dwaan moat.
 
Gert-Anne sei dat hy de nacht ôfwachtsje soe yn ferbân mei Kimswert, want ‘Ik sis oars noait ôf’. Ek Taeke liet Kimswert yn ferbân mei de heup oan him foarby gean. Twa toppers mei by elkoar opteld mear as 1500 punten dy’t nea ôfsizze, dy’t der altiten steane en elke keatsferiening de moaiste list fan dielnimmers gunt. Taeke hie it oer de ‘lamme en de blinde’ nei ôfrin en hy sil fêst witte fan Tamme Velstra dy’t yn 1967 mei Baard in finale op ‘e Bond keatste tsjin it Harns fan Hotze Schuil. Dicky van der Zee wie de ‘lamme’ want hy hie al yn 1963 it skouder ferslein. Piet Tuinman hie wat mei de eagen, de ‘blinde’ want hy seach net goed en Tamme hie lêst fan de knibbel en hie fansels in ferslein skouder, de ‘kreupele’.
 
Dicky neamde harren nei ôfrin neffens de krante ‘de kreupele, de blinde en een lamme’ mar sy wûnen it al. Even foar de evangelisten fan ‘froeger wie alles better’: nei trije earsten wie der gedoe oer in bal oan of net fan Dicky, tumult dus yn it neidiel fan Harns. Dêrnei sloech Hotze fiif ballen efter elkoar bûten, even fan de roai dus neffens de krante. Dat koe doe dus ek al.
 
Renze sil fêst net werom tinke oan dat prachtige momint fan balgefoel fan him yn Moarre. In bal op wei nei de boppe, Renze stiet klear om him boppehâns te pakken, mar ynienen daalde dy bal. Op it lêste momint paste hy syn slach oan en lei him ûnderhâns del as keats. In topper lykas Renze sil sizze fan ‘oh ja’ want hy tinkt allinnich oan de lêste slach fan in partij dy’t sy winne kinnen hienen mar net wûnen, de topper dy’t altiten tinkt fan it kin noch better.
 
Hiel oars as in Patrick Scheepstra yn de twadde omloop tsjin de lettere winners. Yn it perk oarsom en Hessel Postma sloech hiel fier út. Taeke pakte him, mar ik tink dat hy boppe wie. Gjin spul der om, mannen wikselje en dêr komt Patrick oan, seit tsjin de man op de boppe, ‘grijnzend’ en mei in knypeagje ‘Die bal was boven he?’  Sjoch dat is it ferkearde momint om in tsjinstanner wat te gunnen, ek al wist Patrick dat hy it sels nea sjen koe. Oer witten sprutsen, Patrick wit sels net hoe folle as hy kin, yn keatstalint like grut as syn suster Manon.
 
Eins soe Patrick opslagger wurde moatte, mar ja yn it perk stean fynt hy noch te moai. Hy is in prachtige, linige keatser dy’t it gif fan in winner mist. Suster Manon gunde as topper de oar gjin twa punten, Patrick stiet wat makliker yn ‘e wrâld fan it keatsen, mear fan ‘in krânse winne is moai meinaam’.
 
Hear Tjisse by wize fan sprekken yn Kimswert freegjen ‘Wat dogge wy? Winne of meidwaan?’ De maten Kevin Jordi Hiemstra en Jan Tymen Eisma sizze fansels fan ‘winne’. Ok, sil Tjisse sizze, ‘dan moat ik achteryn en foarbêst op, Kevin foaryn en Jan Tymen foarminst op’. De taal fan in winner dy’t winnen wichtiger fynt as meidwaan. De taal fan in Hans, net tafallich ek finalist yn Kimswert, de taal fan in Taeke en Gert-Anne. De taal fan ‘in oar wat gunne dogge je mar bûten it keatsfjild’.
 
In oar op it keatsfjild neat gunne, mar bûten it keatsfjild de oar alles gunne is in prachtige eigenskip. Want de toppers dy’t ik neamde steane altiten op de list. It binne toppers yn it gunnen, want troch harren op te jaan foar alle partijen gunne sy de ferieningen in moaie list mei alle toppers, jouwe de minsken yn de buert de kâns de toppers yn aksje te sjen. In earbetoan oan de ferieningen dy’t de partij mei frijwilligers organisearje, dy’t it prizenjild beskikber fia sponsors ophelje en de krânsen sa moai mooglik meitsje.
 
As je in oar wat gunne bûten it fjild makket je as mins krekt wat grutter. As je nei nije paden sykje om it frouljuskeatsen in oare foarm te jaan, dan moatte je in oar dy tiid gunne, dan moatte je meitinke hoe’t it oars kin, prate oer de flaters dy’t dit jier makke binne. Mei syn allen en as toppers besykje de gatten fan dat paad ticht te meitsjen om yn de takomst oer in moai paad te rinnen, geskikt foar de jonge generaasjes dy’t der oan komme. Dan pas binne je ek bûten it fjild in topper, want fuortrinne of ophâlde kin iderien. De fariant fan de fraach fan Tjisse yn Kimswert is dus: ‘Wat dogge wy? Winne of fuortrinne?’

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers