contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (108) Heaven can wait

Heaven can wait

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Tink dat Gert-Anne van der Bos nei elke nije krânse jûns de gerdinen ticht lûkt, âlderwetsk de kearsen oanstekt en in Belgys bierke pakt en dan de plaat Heaven can wait fan Meat Loaf opset. Yn elts gefal sei hy fier foar de earste fraach yn Sint Anne ‘My net te folle de hemel ynskriuwe’. As je de top tsien binnen komme en je wurde yn juny 34 jier en je meie as opslagger tusken nammen stean as Taede Zijlstra, Hotze Schuil en Sake Saakstra, dan is dy himel wol hiel tichte by. Mar: ‘It kin noch wol wat better’, sa sei hy.
 

‘It wyntsje kaam moai fan rjochts en ik krûp by de opslach net yn elkoar, myn hâlding is rjochter mei tank oan myn treners Peter en Daniël.’ Dit binne fansels teksten foar mannen as Gerrit Okkinga en Johan Okkinga dy’t krekt witte wat hy kwa hâlding bedoelt. Dat it wyntsje fan rjochts kaam en dat dy wyn as sinteklaas binnenhelle wurdt troch in linkshannige opslagger, dat is noch te folgjen.
 
It noch better wurde neamt Gert-Anne sels mei in moai Frysk wurd ‘fine tune’. Se komme rjochts it perk yn, ‘Foar my krekt oarsom fansels’, sa sei Jacob Wassenaar. Ballen dus dy’t oan de linkerkant fan de rjochtshandige Wassenaar ‘ynfleane’. As dat no elke wike op it meidielingsboerd foar elke partij bekend is, wêrom dan net hielendal links yn it perk stean gean, as de bal dan los is op side stappe en dan dy bal foar de draai pakke. Lykas Klaas van Wieren die mei de ballen fan Sake. Ja wie it mar sa maklik, Dirk Jan van der Woud stie al foar it perk as Chris Wassenaar opslaan moast.
 
Krekt sa maklik wurdt der fan alle kanten roppen dat dy iene wichtige bal op 6-6 fan Gert-Anne op de line foel. In oar fan de sydkant ropt dat hy bûten wie en wer in oar oan wer in oare kant ropt dat hy yn wie. Gelokkich foar de partij siet Jasper Boomsma op de line en dy joech him yn want Jasper wit wol wat in keatsbal is en docht. Mei gewoane eagen is it hast net te folgjen op in oar plak.

It liket wol as giet it oer de feroaringen yn it keatsen, iderien mei wat roppe en raze en dan hurd wer fuort. Benammen sels gjin ferantwurding hoege te jaan of ferantwurdlikheid te dragen. It liket betiden wol in operette mei de intrigant út Asterix en Obelix yn in swarte jas yn de haadrol. By elk groepke wat roppe en dan hurd nei it folgjende groepke. En nee, ha der gjin miening oer oant no ta want as je ûnderweis de boat al lek stekke wolle dan komme je nea oan de oare kant.
 
It docht allegearre sterk tinken oan de reaksjes doe’t it ferhaal oer Tsjummearum op de site kaam. De deeglike Klaas hie it oer twa tradysjes, ôfdieling yn Tsjummearum en bloemetjesmarkt yn Ljouwert. En ja hear, de earste ‘sweltsjes’ kamen al wer oanfleanen om op twadde krystdei te easkjen dat net allinnich de krystbeam rûn dy tiid grien is, mar dat alle beammen grien wêze moatte. Dus wat jeuzelje oer wat der net op de site stie, benammen oer de froulju dy’t wer oerslein wienen, sa song it koar yn neifolging fan de profeet Jeremias.
 
Fansels ha se al sorry sein foar harren te betide reaksje doe’t der letter op de dei 1130 wurden oan de froulju wijd waarden, te gau oardield, te min sjoen nei ‘Verketter de dag niet eer het avond is’. Teminsten ik gean fan dy sorry út, teminsten as je wat nivo ha, en as je dat fatsoen net ha dan binne je in ledekeatser dy’t ferdwaald is op de haadklasse, foaryn mei Gert-Anne oan de opslach.

It is al faker sein, de KNKB betsjut Koninklijke Nederlandse Kaats Bond en is ea oprjochte mei as doel te hoedzjen oer de keatssport en it keatsen te bewarjen foar de takomst. De KNKB betsjut net Koninklijke Nederlandse Kaatsnieuws Bond want it is gjin krante en ek gjin online platform dat oeral mar ferslach fan dwaan moat.
 
It nuvere is dit jier dat der mear publyk by it keatsen komt, benammen de jongerein wit it paad te finen. Dat wie yn Frjentsjer sa, yn Menaam en wie ek yn Sint Anne it gefal. En sa binne wy wer yn Sint Anne, by de cd Heaven can wait want der is noch in hiele wei te gean dit jier. En sweltsjes rûn de krystdagen sille der altiten bliuwe, sa lang de tempel dy’t keatsen hjit mar ‘skjin bliuwt’ om Menno van Zwieten even oan te heljen fan ‘geldwisselaars’ en oare eigenbelangen.

Balkearder 108

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers