contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (104)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Spegel

De kjeld jage op de Aldehou yn Ljouwert in soad minsken fuort, it wie lykas mei strângasten oan see, de sinne moat de waarmte jaan en as dy ferdwynt is it strân gau leech. Ek op de Aldehou wie it behelpen, in soad minsken leauden it wol, en guon lieten it al hielendal oan harren foarby gean. Altiten spitich foar sa’n lêste serenade oan it keatsseizoen en de keatssport. Mar oan de oare kant hie dy Aldehou hast altiten it waar mei. En dan kinne je sizze dat de rein en de kjeld it boadskip joech dat ek moai waar net fanselssprekkend is.
 
Sa as it ek net mear fanselssprekkend is dat je op in snein tsjin in foetbal oanskoppe, it giet hast allegearre nei de sneon en kommende sneon begjint de altiten aardige kermis fan de amateurkompetysje. Dus wat it leauwen net foar elkoar krige, slagget it foetbal al. Net mear op sneins spylje. ‘It kin net’, seinen de tsjerken, ‘it moat kinne’, seinen katoliken en minsken dy’t net nei tsjerke gienen.
 
De ‘finen tsjinoer de grouwen’ is fansels in moaie brêge nei in fout fan ferline wike. Doe woe ik de keatsklup ‘It moat kinne’ fan Ternaard al dea ha, tocht dat de keatsklup net mear bestie, ek al gie it doe fansels om dy moaie namme. Mar der is altiten ien dy’t him oppenearret om it foar ‘It moat kinne’ op te nimmen en dat wie no net oars.
 
Je litte fansels it libbenswurk fan je eigen heit dy’t tritich jier foarsitter wie fan ‘It moat kinne’ sa mar net bedobje. De keatsklup is krekt as VVV Ternaard net mear oansletten by de KNKB, mar bestiet noch wol mei eigen ledepartijen. Yn it ferline bleaunen de perken op sneon lizzen foar de snein, sa goed wie de harmony tusken CFK en KNKB wol. Oant 1994, doe’t de fúzje der komme moast. Tink dat Johannes Westra noch altiten krekt like populêr yn Ternaard is as Bonifatius dat by Dokkum wie doe’t hy dy hillige beam omhakke woe.
 
Fansels belle ien dêr oer en de beller hie in skip fol ferhalen. En yn dy ferhalen dûkte ynienen de namme Theunis Fokkema op, in skim út it ferline dy’t nea op de Aldehou ûntbruts. Mar syn stoel is al jierren leech om it sa mar te sizzen, it kin net mear, de man fan Ealsum hoecht him net mear op te heljen. Want dat is ek de Aldehou, in lege stoel dy’t oanjout dat je om hokker reden dan ek net mear ôfskie nimme kinne fan it keatsjier op de Aldehou.
 
Want de hjerst komt, de winter komt, en it koe net mear, sa ha’k heard oer Fokkema. De âldere mannen op de boppe, dy’t op de Aldehou no yn de oerdekte tribune sieten, sille him sa no en dan misse as selsskip. Yn dit ferhaal fan dy beller wie Theunis krekt wat jonger. Hy wenne doe ek al op dy buorkerij krekt bûten Ternaard en de beller fertelde oer in ledenpartij yn de buert wêr’t hy ek oan meidwaan soe. Op it fjild seach hy mar in beheind tal krânsen dat hy frege ‘Wêr binne de krânsen foar de bern?’ It antwurd wie nuver genôch: ‘Dat hoecht net’.
 
Oare tiden, de beller mei noch wat mannen hurd op paad: ‘Hjir en dêr wat konifearen plunderje en doe nei Afke ta want dy hie altiten sa’n moaie blommetún.’ Afke fan Theunis dus, Afke dy’t yn har jonge jierren har frou stie op it iis, mei de redens ûnder. ‘En sa hienen de bern oan de ein fan de dei dochs noch in krânse om de nekke.’ ‘Andere tijden sport’ kinne je fan dit ferhaal sizze. Mar ek in tiid dat it krekt kaam, keatse op sneon of keatse op snein. Sa hie dy selde Theunis as boer in Johannes Drost yn ‘e kost.  De âlders wennen earst yn Ternaard, mar dy ferhuzen nei Drachten. Johannes woe net mei ferhúzje en hy wurke boppedat as arbeider by Theunis.
 
‘Andere tijden sport’ oer de sneon. Dus Johannes kaam yn de kost by Theunis en Afke, kaam by dat Johannes goed meikomme koe op it keatsfjild. Hy pakte geregeldwei op snein in priis mei Johannes van Sinderen en Arjen Hoekstra, ja de soan fan Roel Hoekstra. De yn Drachten wenjende âldelju seagen yn de moandeiskrante fan it Friesch Dagblad harren soan yn de keatsútslaggen stean, dat dy wienen yn alle staten fansels. Wat dat oanbelanget hie dit him better yn de tiid fan no ôfspylje kinnen, dan wienen dy minsken der fia de krante nea efter kaam. Yn elts gefal stie der in oare kear by de útslaggen ‘Jan Stienstra o.e.a.’ en sa wie elk gelokkich.
 
En dat bringt it ferhaal op de stelling dat de sport de spegel is fan de maatskippij. Je gnize no oer de tiid fan doe, oer de tiid fan de tsjinstelling sneon en snein. It docht ek in bytsje tinken oan it ferhaal fan dy Kaatsbaan rûn 1600 yn Dokkum. Pieter Breuker lei út: ‘Eins wie it keatsen fan doe in foarm fan ‘landjepik’, de essinsje fan it spul wie it winnen fan in gebied. Miskien wie it wol in feredelde foarm fan oarloch foeren. Alles draaide om de keats, hoe grutter de keats hoe mear lân je feroveren.’
 
Ek dit is in brêge nei de tiid fan no. Dat it tiid wurdt dat it keatsen in moderne jas oan krijt dy’t past by dizze tiid. Kom by it hokje fan de yngong fan de Aldehou lâns en sis tsjin de twa famkes – tolve, trettjin? – dat ik fan it Friesch Dagblad bin. De famkes sjogge my oan as hie ik sein dat ik fan de Planet of the Apes kaam. Sis der achteroan: ‘Dat is in krante’. Fielde my twa kear sa âld as oars. No kinne je wol janke oer in ego dat skea oandien wurdt, mar je kinne ek fêststelle dat de tiid fan papieren kranten miskien wol foarbij is. En sa is it mei de keatssport ek, in drokkere tiid, net mear elke sneon en snein in wedstriid. Mar wol altiten in Aldehou fansels, ek al wie it allinne mar om te fielen hoe’t de tiid syn gong giet. Betinke dat it net fanselssprekkend wie dat Theunis Fokkema altiten op de boppe siet.

Foto: Henk Bootsma
Foto: Henk Bootsma

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers