contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (103)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Verliefd

Yn Marsum sjogge je yn de fierte al de Aldehoupartij lizzen. De lêste partij fan it keatsjier en guon sille bliid wêze dat it foarby is, dat it tiid wurdt foar oare dingen as boppe en bûten. Taeke hie better fertsjinne as trije slaggen foar it ein fan de finale net fierder te kinnen troch wer in blessure. Hy is in unike keatser en net allinne wat punten oanbelanget, mar ek wat hy oan tsjinslach al meimakke hat. Miskien it oare jier de gloarje fan de measte punten en dan komt de fraach fansels boppe yn de media. ‘Is Taeke mei de measte punten dan ek de bêste keatser ea?’
 
Doar no al te sizzen dat dy fraach de ferkearde fraach is want net te beantwurdzjen. As de titel ‘bêste keatser’ bepaald wurdt troch it tal behelle punten dan is it antwurd dus ja. Mar dan hie net Hotze Schuil de titel bêste keatser fan de foarige iuw ha moatten, mar Piet Jetze Faber. Want dy hie ommers de measte punten doe’t de ferkiezing fan de bêste keatser fan de tweintigste iuw beantwurde moast. It wie rûn 2000 in optilling fan grutte titels, fuotballer fan de iuw, elftal fan de iuw, en gean sa noch mar efkes troch.
 
De ferkearde fraach waard dus al yn 2000 steld want ek doe wie der net in antwurd mooglik. Want der wie hast gjinien dy’t it keatsen en de keatsers sjoen hie yn de earste fyftich jier fan dy foarige iuw, lit stean de keatsers fan de twadde helde fan njoggentjinde iuw. Dus is it sjen nei sifers en statistiken en sa kaam Taede Zijlstra krekt net by dy kandidaten. Ja de ferhalen oer dy pet yn de krite en de bal dy’t der ynfoel, of wat ferhalen oer it ferkeapjen fan in partij oan heareboeren, it wie net genôch foar in kandidatuur.
 
Dus media, besparje jim de fraach want der is gjin antwurd op te jaan. Je kinne fansels wol oare fragen stelle en dan giet it net oer wa’t de bêste is, mar oer wat it keatsen yn de takomst ús noch jaan kin. In grutske heit Frans Nijman joech my al wer in skoftsje lyn in kollum fan soan Karel Nijman yn Van Wad tot stad. Snein op de Aldehou sille wy him wer tsjin komme. Karel wûn de PC yn it bysûndere jier 2003, it jubileumjier fan de PC.
 
Hy neamt it keatsen yn dy kollum in spegel fan de maatskappij mei alle hurde kanten dy’t der ek oan sitte. En hy hat dêr wol in bytsje gelyk yn. Mar hy wit ek noch hoe’t hy yn 1975 yn oanrekking kaam mei it keatsen yn Wommels, hy wit ek dat der al wer in twadde of tredde generaasje Nijman tsjin in bal oanslacht. Hy hat de eagen fan in jongere generaasje dy’t oars nei de tiid sjocht as de media.
 
Miskien binne it te folle âlde mannen dy’t de toan sette yn de kranten, dy’t allinne de minne kanten beljochtsje krekt as yn de maatskippij. Faker as ien kear freegje je ôf of der wolris wat goed giet yn de wrâld. As je de kranten en de telefyzje leauwe meie net faak. Fansels moat de sjoernalistyk skriuwe oer wat der mis giet, oer dat it fiif foar tolven is foar it frouljuskeatsen om’t de aginda fierstente fol is. Mar om dat te feroarjen is mear nedich dan mar wat te skriuwen.
 
Want om yn de keatswrâld wat te feroarjen moatte je as bestjoer lâns de AV, sis mar de ‘Doema’ fan de keatssport. Kwa sizzenskip prachtich, mar it sjit net op want elke feriening hat syn eigenbelang. De namme fan de ûnderwilens net mear besteande keatsklup fan Ternaard wie ‘It moat kinne’ en dat is te folle feroare yn ‘it kin net’ wêr’t dus ek keatsferieningen in grutte rol yn spylje.
 
Sjoch wat LKC fan Ljouwert, de klup dus fan ûnder oaren Karel Nijman en Pieter van Tuinen, de lêste jierren foar elkoar krijt. Se ha de froulju terjochte it poadium fan harren eigen Aldehou jûn, tagelyk mei de mannen. LKC wie op de Freule fan dit jier ien fan de acht kânshawwers en ek dat wie mear útsûndering as regel. Sjoch dus nei wat it keatsen ús bringt, sjoch nei wat better kin, slach in brêge nei minsken mei in oare miening ynstee fan dy ôf te sjitten. Dat is wat Karel Nijman ús dúdlik meitsje wol, mar om dat allegearre foar elkoar te krijen sil earst it eigenbelang fan de ‘Doema’ oan kant skood wurde moatte.
 
‘Je blijft verliefd op het spelletje’, sa sei Karel Nijman mei de krânse om de nekke nei ôfrin fan it NK Senioren yn Easterlittens yn 2020. Mei leafde allinne winne je de oarloch net, mar je komme wol in ein sa bewiist LKC de lêste jierren.

Foto: Henk Bootsma
Foto: Henk Bootsma

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers