contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (99)

Tekst en foto: Rynk Bosma

Wyn

Wyn
 
As de wyn fan de emoasjes it skûtsje mei de namme keatsen de silen bol stean lit, dan witte je dat it giet oer de grutte jonges ûnder de partijen. Dan giet it oer de PC fansels, alles is grutter en drokker, alles ropt mear op as op oare dagen. En betiden tinke je wolris nei ôfrin fan hoe komme je dan dy oare dagen troch. Gelokkich is der in sprekwurd dat seit dat eltse dei genôch oan him sels hat.
 
De PC dus, en dan witte je dat je mar in stikje fan de dei sjogge en it moaie is dat oaren dan wer oare dingen sjogge. Want sels sjogge je nei it read en wyt fan de tillegraaf, je besykje it midden te finen tusken blau en wyt as it oer de finale giet. Hearde fan ien dy’t op it foarste bankje siet dat it net mislik is wat de keatsers sa ûnderling tsjin elkoar sizze. Dat mei ik sels ek altiten graach hearre, mar op in PC sitte je krekt te fier ôf.
 
In oar fertelde dat hy in dei letter dy finale op de televyzje werom sjoen hie mei bylden fan de keatsers fan tichteby. En dy seach dat de spanning, je kinne it ek senuwen neame, by Tjisse ferdwûn wiene. Net lykas jierren lyn. Doe’t elk sjen koe dat de ‘killer’ op dizze dei lêst hie fan senuwen wylst hy altiten sein hie dat hy der gjin lêst fan hie.
 
As je in hiele dei nei it keatsen sjogge op in PC dan kinne je net alles sjen. Gelokkich waard ien erfaring troch oaren ek sjoen. En ik sil it noch ien kear neame: wat ha ik genoten fan quicksilver Renze Hiemstra en minsken dy’t ea ek yn de top oan sport dienen, hienen dat selde hân. Wat in balgefoel, wat in timing, en wat in reaksjefermogen doe’t de bal by de boppe op 2-3 en 6-4 mei in keats by de boppe krekt in oare kant út skeat. En dan ‘gracieus’ in bûging meitsje wêr’t allinne artysten rjocht op ha.
 
Mar wat it meast fernuvere wie de emoasje nei ôfrin by Renze, altiten de man fan de analyse, altiten de man dy’t wit wêr’t it yn de partij misgien is. Mar no even net, hy siet yn de roeiboat dy’t de rivier fan de ratio oerstúts om romte te jaan foar de gefoelens dy’t de sport just sa moai meitsje. De druk om in sels opleine opdracht oan it begjin fan de PC-dei ta in goed ein te bringen, sjoch nei Hans en Renze wat dat docht mei in sporter. En sjoch nei Tjisse, fan it dreamende jonkje op it hokje fan de kaartferkeap nei de keatser mei de keningsbal om de nekke. It wie in lange wei foar him om te kommen wêr’t hy hearde en ek graach wêze woe.
 
Mar as je de PC as in toanielstik sjogge mei in ‘scenarioskriuwer’ dan wie der ek in bytsje te sizzen foar dat oare scenario fan in Hylke dy’t mei Heleen en de krânse nei it grêf reizgje fan man en heit Rinse dy’t fiif jier lyn krekt foar de PC ferstoar. Mar dit wol mei de kanttekening dat je dan it keatsen út it hokje sport wei tille nei it echte libben. Mar earlik is earlik, eins is dit twadde scenario net te fergelykjen mei it earste ferhaal.
 
En wat te tinken fan it tredde ferhaal, Dylan Drent. It hie foar dizze Harnzer diels it ferhaal fan in ‘nachtmerrie’ wêze kinnen as bygelyks Hendrik Kootstra op 5-3 en 6-6 oernaam hie. Sjoch, foarop steld, Dylan hie dan like bliid west foar syn maten want hy gunt in oar ek alles. Mar in dei letter yn de haven fan Harns yn alle stilte even útwaaie. En miskien allinne dochs even fertriet ha dat just hy dy boat misse moast. En mei dy Harnzer seewyn om ‘e holle kinne wy no wol sizze dat de PC rjocht dien hat oan de statuur fan Tjisse en dat it te hoopjen falt dat dy PC dat ek dwaan sil oan Dylan. Want ek hy heart dy PC te winnen.  Je soenen hast sizze fan: hy hat der rjocht op sa’t in skûtsje rjocht hat op in bytsje wyn. Mar wa kin de wyn de juste kant opstjoere nei krekt dy silen fan Dylan? Litte wy hoopje dat de wyn Dylan beleane sil foar alle moaie mominten dy’t hy de keatsleafhawwer jûn hat. Want in Harnzer as Dylan hat rjocht op de juste wyn.
 
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers