contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (95)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Grien

Wêrom hat in partoer altiten in minne partij der tusken op in keatspartij? Wa’t it wit mei him spekkeaper neame, mar bin bang dat nimmen der ea efter komme sil. Je moatte it ek net oan de keatser freegje want dy hat gewoan in hiel eigen byld fan in keatspartij. Faker as ien kear komme je in opslagger tsjin dy’t fûn dat hy goed opslein hie wylst de man dy’t de streepkes set, hast altiten Klaas Postma, dan in stik as tsien streepkes setten hat. Gelokkich wurdt in partij net bepaald troch it tal bûtenslaggen sa’t je in wedstriid yn de Champions League ek net beoardiele op grûn fan foute passes. Nee, spanning dat is it geheim.
 
Nee, wy litte skiedsrjochter Fokke van der Veen mei rêst, ek al om’t ik der sels net by wie op it Hearrenfean. Tink dat de man al genôch oer him hinne krigen hat. In eigen byld fan in slach en dêr oan fêsthâlde, in eigen byld fan in wedstriid en dêr oan fêsthâlde. Ferline wike ferstoar nei in sykte de tige freonlike en aardige Catharinus van Seijst, sil him dizze wike yn in oar ferhaal betinke. Catharinus waard twa kear kening en it iene ferhaal fan in keningskip befêstige it byld dat in keatser in partij hiel oars sjen kin.
 
Dy iene kear dat Catharinus kening waard wie hy by in maat dy’t oer de hiele dei sa’n trije kear de opslach fan him oernommen hie. Mei sukses want oan de ein fan de dei stienen de mannen mei de krânse om foar de tinte. Catharinus waard kening en oant de dei fan syn dea hat hy oer dy partij sein ‘Ik ha jim der troch skuord’.
 
Wat dat oanbelanget hie Hendrik Kootstra in just byld snein yn Boalsert fan syn eigen keatsen en wa’t de holle troch de blommenkrânse stekt hat altiten gelyk. Dylan Drent wie lykas altiten de oanjager wêr’t je fleurich fan wurde, wêr’t je foar nei it keatsfjild komme. Hy hat de magy fan in Johannes van Dijk, en earder fan in Johan Halbesma. De magy dat minsken it keatsen moaier fine as hy meidocht.
 
Mar hy is ek de keatser dy’t net faak yn de midden stean sil en wat dat oanbelanget is hy yn de krante wat útfergrutte en dat wie fansels wat sneu foar kening Marten Bergsma dy’t der sa wat by ynskeat. In terjochte kening dy’t yn eigen tempo de berch fan de earste kategory fan de foarm beklommen hat en der no wer stiet.
 
Oer bergen sprutsen, de fytsende Belch Dylan Teuns naam syn freondinne mei nei de berch La Super Planches des Belle Filles, wat in namme trouwens: het plateau van de mooie meisjes, wat de leafde oanbelanget soenen je hast Frâns prate moatte. Dat klinkt krekt wat oars as yn it plat Harnzers. Werom nei dy oare Dylan dus dy’t de etappe yn it ferline op dy berch wûn hie en werom gie nei dat plak wêr’t syn moaiste winst helle wie… om op knibbels syn freondinne te freegjen of sy mei him trouwe woe. Sjoch, dat is romantyk en in moai ferhaal.
 
Romantyk, in moai ferhaal en sport dogge it altiten goed. Nim it ferhaal fan dy keatser yn in tiid dat je noch te gean of op de fyts nei de partijen giene. As dy keatser de krânse wûn hie, dan hong hy dy nachts op wei nei hûs oan de doarkruk fan it hûs wêr’t syn leafde wenne. It sil miskien ien kear bard wêze mar it ferhaal is ivich. Dêrom is it spitich dat Dylan, no wer Drent,  noch net de PC wûn hat, hy hie dan Marije Kooistra meinimme kinnen nei it Sjûkelân en dan op ien knibbel freegje of sy mei him trouwe woe. Sjoch it al foar my: yn dat moaie donkergriene maatpak dat hy dan stikem earder meitsje litten hie mei as reden dat it sa moai kleuret by it grien fan it gers fan it Sjûkelân.

Balkearder 95

It libben wat moaier meitsje, it libben wat griener farvje dan as it is. Want je moatte witte hoe’t it gers der winterdeis hinne leit om it grien fan it gers yn de simmer moai te finen. Yn Boalsert kaam in man achter sa’n karke, in rollator, by de entree. Hy wie syn twa lotten kwyt rekke, socht beurs en bûsen nei mei triljende hannen. De frou woe him net betaaste lykas yn in film, dus dy wachte geduldich. De man krige nije lotten en je meie hoopje dat hy wat wûn hat, ek al sil it nea wer de haadpriis fan it libben wêze.
 


It gers rûnom it libben fan de man is toar wurden, it grien is al in hiel skoft op reis. Miskien rekket de romantyk yn dat donkergriene maatpak fan Dylan je om dy reden, miskien sjogge je dêrom hoe’t pake Ulbe Dykstra yn de boarterstún fan Boalsert de lytse pakesizzer heech hâldt op de wip wap, miskien makket it gebaar fan in ijsko om ‘e nocht fan Jan Kelderhuis fan Arum om dy reden foar even it gers wer wat griener. As je de kweaballen fan it libben net sjogge, sille je nea nocht ha oan it sjen hoe’t in lytse keats foarby slein wurdt.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers