contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (92)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Rynk Bosma

Fjirtich jier

De stoel fan hout wie fan 1893 neffens de altiten aardige bringer. En dy bringer kin it witte want hy slacht as ‘verzamelaar’ fan âlde dingen wol faker yn âld spul om. Fansels woe hy it der ek even yn wriuwe want hie ea in ferhaal oer him skreaun en doe hie ik him 57 jier âld makke wylst dat syn bertejier wie. Dus der stie in rekken iepen en de kollega en buorman die der noch in skepke boppe op en sei freonlik: ‘Dat past dan wol aardich by de leeftyd fan de man dy’t der op sitte moat’.
 
Wy binne dan gast fan KV Het Noorden yn Sint Jabik en it keatsfjild lei dizze kear op in oar plak. Foar in Wâldman in prachtich plak want it wienen allegearre beammen en dat betsjutte dat de oergong fan Balk nei Sint Jabik net sa grut wie want ek yn Balk by KV Cannegieter tilde it op fan de beammen. Tusken al dy marren binne je hast in heale dei ûnderweis en it wie in treast dat de Balkster neist my yn Sint Jabik dy sneins ek sawat in heale dei yn de auto sitte moast om werom nei hûs.
 
It partoer fan Marten Bergsma wie yn Sint Jabik dizze kear te sterk foar it partoer fan Tjisse Steenstra en seach krekt dat Bergsma dit jier op de frije formaasje noch net in finale ferlern hat. Trije finales keatst en trije wûn wylst dat partoer fan Tjisse Steenstra ‘mar’ fyftich prosint skoart, fjouwer finales wûn en ek fjouwer finales ferlern en dan ha wy it efkes oer alle acht partijen fan 2022 en net allinnich oer formaasjepartijen.
 
De freeds wie der in Bierbingo yn de tinte west, sa waard ferteld en de animo fan de pearkes wie grut. Hast 60 pearkes wylst Renze Pieter Hiemstra de mikrofoan yn hannen hie. Bierbingo is in ferskynsel op doarpsfeesten en as ik de minsken liuwe mei is it ek de snelwei dy’t je yn in lyts skoftsje tiid de earetitel ‘As in ein’ opleveret. Der wienen guon dy’t in dei letter noch net in ein fan in earrebarre (ooievaar) ûnderskiede koenen omdat it persintaazje alkohol noch te heech wie.
 
Hiemstra hie de stimming der goed yn, by elke bingo gie der in ‘kan bier’ nei de winners en betiden wie der ek in ‘valse’ bingo en dan moasten dyjingen in ferske sjonge op it toaniel, sa is my ferteld. Dat sjongen wie trouwens nei de finale op snein fier fuort by Hiemstra. Woe him in hân jaan, mar it duorde hast oant donker ta ear’t hy de hân joech. It swarte gesicht fan Hiemstra die even tinken oan it nije kapsel fan Gabe Leeuwen.
 
Krekt nei de kapper west en de kleur is sa swart dat it eigen hier noch de helte witer liket. Mar it stiet Gabe moai, hy hat der ek de leeftyd foar en de jûn yn de feesttinte lei doe noch oan syn fuotten fansels. Kin my wol foarstelle dat Hiemstra baalde mei de wurden ‘niet nodig’, mar oan de oare kant liket it dochs net sa gek. Tjisse hat 20 punten út acht partijen. Renze hat twa fan de fjouwer finales wûn, of je kinne ek soer sizze twa ferlern.
 
Wat sifers oanbelanget is it opfallend dat Marten en Dylan fjouwer kear in finale spile ha en alle fjouwer kear dy finale wûn. Gjin twadde of tredde prizen, nee allinne earste prizen. Dêrmei steane se op plak trije en fjouwer met tolve punten. Renze stiet dan seisde mei tsien punten. Foar Dylan eins net earlik want hy hat foar Harns gjin goed ôfdielingspartoer en dat jildt ek in bytsje foar Renze.
 
Wilens slûpt Tjisse op syn grutte maat skuon dochs nei in gemiddelde fan 2.0 punt per wedstriid. En dat sit net sa fier achter it gemiddelde fan Johannes Brandsma yn 1982 doe’t hy 98 punten by elkoar sloech. Syn gemiddelde wie doe 2.28 per wedstriid, sa fertelde hy. It nuvere is fansels dat dit hege gemiddelde net oan Tjisse is ôf te sjen. Je ha net it gefoel dat hy tsjin syn plafond oan sit, en dat wie yn Sint Jabik seker net it gefal, de skerpte fan jierren lyn wie der net echt.
 
Fjirtich jier sit der tusken 1982 en no en as je de tiid as persoan in kwaste yn hannen triuwe dan sjogge je hoe ’t de kleuren feroare binne sûnder dat je sizze kinne dat de kleuren fan doe moaier wienen as de kleuren fan no. In fout dy’t faak makke wurdt mar net wier is. Ien fan tweintich sjocht nei de tiid mei de eagen fan dy leeftyd. De wrâld leit yn tûzen heldere kleuren oan syn fuotten, kleuren dy’t ien fan 50 of 60 al lang net mear sjocht. Want de eagen fan ien fan 60 sjocht minder kleuren omdat it postfakje ‘Voorbij’ hieltiid foller wurdt.
 
Sjoch de soan fan ‘Swarte Jehannes’ noch it fjild oer dûnsjen, linich as lekken, like swart as heit Jehannes. Hy helle de punten binnen lykas in alkoholist nei in wike droech stean de wodka’s achteroer slacht. It like allegearre sa maklik by him mar dat wie it net. It jier 1982 wie ek it jier dat Taeke Triemstra foarsichtich de eagen iepen die tsjin it skimerige desimberljocht oan it ein fan it jier.
 
Want dat hat altiten ek sa maklik like, dat slachje fan Taeke mar dat wie it net. De tiid reizget mei op de skouder fan dizze sierlike keatser mei dat sa moaie slachje, even rikke en fuort is de bal. Fansels sjogge je betiden dat de tiid lytse foutsjes yn syn spul achterlit, dy’t der tsien jier lyn net wienen, mar út respekt sjogge je even de oare kant op.
 
As je witte dat alles in kear ophâldt, dus ek it keatsen op it heechste nivo, dan is it moai dat je de fijân tiid ta freon meitsje kinne sa as Taeke dat docht.  Neist de tiid rinne ynstee fan tsjin oer de tiid stean en genietsje fan it stikje keatstiid dat noch foar je leit. Je slute frede mei de tiid, in wiisheid like moai as it slachje fan de keatser. Tankber dus dat je it dûnsjen fan fjirtich jier lyn fan De Brand sjoen ha neist dat prachtige slachje fan Taeke foaryn en achteryn. Dan jout it neat dat je je betiden behelpe moatte mei in keukenstoel fan 1893.

Balkearder 92B_Fotor

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers