contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (87)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Grien

Grien
 
Hear it noch altiten geregeldwei, ‘Wat bist let’ of ‘Wat bist laat’ as hienen je in oerienkomst mei de keatssport dy’t seit dat je de earste slach sjen moatte. Fansels is de opmerking oer let mear bedoeld as grap, om je te ‘stangen’ of te ‘jennen’ fanwege de gewoante fan eartiids dat guon sjoernalisten ivich en altiten te let kamen en dan as earste seinen ‘Hoe fier binne wy?’
 
Oan de oare kant kin it keatsen ek net te folle easken stelle want betiden wie it sawol yn Frjentsjer as yn Dronryp kwa spul sa dat je eins net let genôch komme kinne want it hâlde net oer. No wie it by Jan Bogtstra noch better as by Eise Eisinga mei it grutte ferskil dat de tinten yn Frjentsjer leech wienen want dy hienen harren nut hân. De tinte op de Ryp like hast wol op it Museumplein yn oare jierren of de Coolsingel hiel lang lyn. Sa folle minsken, want it mocht wer.
 
It grien fan de natoer wurdt nea moaier as yn de earste wike fan maaie. It is in soarte fan grien wêr’t gjin wurden foar binne, je moatte it sjen, je moatte it rûke en je moatte it fiele en dêr wie yn Dronryp tiid genôch foar. Want op it fjild wie it allegearre mar sa sa en it sportrjocht wie op reis gien, sa as sa faak. De blauwe brigade fan Tjisse hie oan gelok neat te kleien tsjin de oranjemannen fan Gert-Anne van der Bos. De nekke op it hakblok, ien druk op de knop en it wie as yn de Frânse Revolúsje de holle yn de koer neist de breidzjende froulju dy’t der in hiele dei nei seagen.
 
Net letterlik fansels en gelokkich, ek al tink ik dat der nei ôfrin guon wienen dy’t de keningskommisje dochs wol in eintsje dy kant op triuwe woenen. Mar dêr is al genôch oer sein, sa as der ek al genôch sein is oer it perk Hiemstra-Wassenaar dy’t de ôfdruk fan de pakjedrager op de sportbroek hienen. Nee, it giet om de teksten fan Menno van Zwieten, dy’t yn de heale finale hast lulk sei fan ‘Tsjin dat partoer krijst noait ien kado, dan moast echt keatse’ as wie it in rjocht fan in toppartoer om punten kado te krijen.
 
Fansels miste Enno Kingma noch ritme nei in ankelblessuere, mar it is gjin tafal dat ‘generaal’ René de Haan miskien wol de tûkste keatser fan allegearre is. Hy is ‘dat partoer’ mei Paul Dijkstra en Hendrik Bouwhuis. René wit wat hy net kin en hy wit benammen wat hy wol kin, hy soe de ‘dreamkening’ wêze moatte fan iderien dy’t al hiel lang roppe dat it gjin keatsen is mar huffe op de boppe.
 
Yn Frjentsjer mocht it partoer fan Tjisse bliid wêze dat se ûntsnapten oan de ‘ lytse generaal’, yn Dronryp wie it foar Menno en syn partoer ek dreech.  Mar de sifers wize ek fjirtjin ballen bûten oan en dan kinne je ek sizze dat je eigen fouten de tsjinstanner dreech meitsje.
 
It heart by de sporter en ek by de keatser, sykje nei redenen foar eigen min wêzen.
De ien sei dat it sicht min wie troch dy wite tinte. Dus in oare kear in oranje bal brûke, sa’t ien sei. De oar sei dat der yn de wyn útslein waard, ek wier. Mar it echte ferhaal wie fansels dat de mannen net goed genôch wienen en dat gie eins foar alle perkspilers op. En foar soks is net altiten in ferklearring.
 
Nee, it grien fan de ferliezende finalisten hie net it grien fan de maaitiid. It sa heldere earste grien bliuwt altiten mar even en is dan wer fuort. Kaam ea Henk Bosje ris in kear tsjin, wêr wit ik net mear. Wit wol dat hy doe sei dat hy de keatsjongerein yn de auto fertelde oer froeger, oer hoe’t tradysjes yn it keatsen ta stân kommen wiene, dat it no altiten in plakje hat op de nekke fan doe. Want dat hearde neffens Henk Bosje by de opfieding. Tocht snein yn Dronryp benammen oan syn soan Jouke. Wie jierren lyn by Harkemase Boys. Wie wat betider, krige in hân fan de waarm rinnende reservekeeper Jouke Bosje. Fol moed, hy soe earste keeper wurde by de Boys en dy oare koe wol wer werom nei Oranje Nassau Grins.
 
In sterke, brede sporter dy’t doarde te sizzen fan ik wol winne, ek al slagge dat net yn de Harkema. Dat slagge wol yn Sint Anne en by Zeerobben. Wie net sa hiel lang lyn yn Drachten. Drachtster Boys tsjin de ‘kanaries’ fan Zeerobben. Op de goal gjin Bosje, wol in keeper fan 43 jier en ik hearde doe dat dy sterke Jouke Bosje neffens it bestjoer fan Zeerobben sa mar yniens mei wat oan de rêch yn in rolstoel terjochte kaam wie. En dat hy nea wer yn de goal stean soe.
 
Moast yn de Ryp oan him tinke, ea yn it selde griene shirt stie Jouke yn de finale fan de Eise Eisinga Partij. Mei ek Enno Kingma en Pieter Jan Plat as tredde maat. It grien fan it shirt is gelyk bleaun, it sa heldere moaie grien yn it libben fan Jouke is feal wurden, it sil nea wer sa moai grien wêze as op dy Freuledei fan 2008 of op 5 juny 2016 doe’t Jouke kening waard op de Eise Eisingapartij. Neffens Henk Bosje moatte je betiden in bûging meitsje foar it ferline om de dei fan hjoed better te begripen. Yn it gefal fan Jouke is it net te begripen, dêrom mei dizze foto fan 2016 in bûging foar it grien fan doe en hoopje dat der foar Jouke wat grien oerbliuwt yn de tiid dy’t noch foar ús leit.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers