contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (86)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Druk

De koweblomkes yn de greide ein april, de natoer dy’t wer de kop opstekt, en dêr ûntkomt ek it keatsfjild fan VvV Concordia yn Holwert net oan. De keatsline rint dwers troch de koweblomkes en dy twa by elkoar kin in mins blier meitsje. Metske van der Ploeg yn jagerspak by de foarline, dan komt it wol goed.  It foarjier en it keatsen, altiten al in moaie kombinaasje west. Prate oer skoffelje en útgrave en hoe’t dat mei keatsen te krijen ha kin.
 
As je nei de koweblomkes sjogge dan moatte je de skoffel thús litte, te moai om yn te gripen allinnich om’t it net netsjes liket. As je it ûnkrûd yn de tún allinne fuort skoffelje, dan komt dat nei in skoftsje wer boppe. Seach nei de warbere opslagger Corné Tuinenga dy’t in goeie dei hie neist Hessel Postma en de drege Hendrik Kootstra. Mar Corné kin as opslagger noch wolris fan slach reitsje by tsjinslach. En dan komme we al gau op de seis, of slimmer noch op de seis gelyk.
 
Ien kear bûten op seis gelyk kin, twa kear dan komt it skaad boppe dy hingjen dy’t flustert fan mis mis, it wurdt grutter dan it is, in djippe sucht by trije kear of faker. Der binne in pear dy’t hjir om gnize, Ilse Tuinenga bygelyks, de suster fan Corné, de blauwe eagen binne lykas it iis fan Syberiê, twa kear mis? It glidet as in gletscher fan in berg fuort sûnder in spoar achter te litten. In wike lyn sei ien ‘It kin Ilse neat skele as sy twa ballen bûten slacht, even skouders ophelje en dan wer fierder’. De suster fan Corné en dochs hiel oars.
 
De seis dy’t te grut wurdt, de bagaazje fan al in kear op dy stân de bal bûten brocht ha. It smelle paad tusken topper en krekt net. Mar je kinne je helpe litte om dy druk op seis gelyk út de holle te krijen. It byld fan it ferskil tusken fysioterapy en terapy. De fysio hat de skoffel yn de hân en hellet alles wat boppe komt der út. Mar nei in skoftsje kin hy wer want de woartels lit hy sitte. In terapeut dy’t de ‘faalangst’ fan de seis bestriidt. dy pakt de skep en graaft it mei woartel en al út sa dat it net wer komt.
 
In moaie fergeliking en yn Weidum koene je se mei de noas oanwize want der binne  ûnder de keatsers noch hiel wat keatsers dy’t oare wike wol in ôfspraak meitsje kinne by in terapeut. De PC-kening fan 2003 Johannes Dijkstra wie noch warber yn it tuskenspul sa no en dan wat opslaan en as balkearder. Hy hat him tsjin Sint Jabik de bûsen útskuord, as keninklike lakeien joegen de blauhimden de earsten op seis gelyk oan de oaren as wie it pakjesjûn mei sinteklaas.
 
In tredde priis foar Johannes dy’t dit jier 54 jier wurdt en it griis komt der troch hinne as wiene it koweblomkes, ek soenen je no better prate kinne fan hjerstasters. Seach de echte koweblomkes bloeien yn Wommels en dan ha wy it oer it supertalint  Anna-Dieuwke Dijkstra, ja, de dochter fan de tredde priiswinner yn Weidum. Neffens oare famylje kin sy ek op it fuotbalfjild goed in bal reitsje. Anna-Dieuwke wol yn it perk, mar har opslach is dochs te moai om lizze te litten.
 
‘Myn freondinne seit dat de kleuren fan LKC my better steane’, sa sei Hans Wassenaar yn Weidum en fansels komt dan ek wer even it wurd druk foarby. Tadic sei nei in penalty yn de njoggentichste minút dat ‘druk een privilege’ is. In foarrjocht dus foar in sporter want dat betsjut datst altiten mei dochst om de krânsen. Foar Wassenaar in dream, in jier lang it fjild op komme mei de hâlding fan ‘wy komme hjoed dy krânse even opheljen’.
 
Mar as je sjogge hoe folle punten Tjisse Steenstra yn Weidum ophellet dan sil der ek noch in oare druk komme, sa wit ek Wassenaar. ‘Der moat wol wat gebeure’, sa seit hy en dan mar hoopje dat dy sa neamde ‘druk’ goed útpakt. Want it ferskil tusken privilege en flok is mar hiel lyts, sa hat it ferline wol bewezen.

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers