contact zoeken wedstrijden

Keats!-online (10) Yannick Hielkema stiet op punt fan trochbrekken

Yannick Hielkema moat foaral rêstiger wurde yn it perk, net te gretich wêze wolle. 

Tekst: Jelle Bangma
Foto's: Anne Waterlander (x-lent) 

 

‘Geduld is een schone zaak’ en ‘de oanhâldende leafde foar it spultsje’. Yannick Hielkema (22) wit der alles fan. Hy wûn noch net in fracht oan prizen en mocht inkeld noch mar rûke oan it heechste nivo. Mar hy fielt dat it deryn sit. De kok by keteringbedriuw Jupiter hat no de bêste panne op it fjoer: fanút it foarperk wei is hy aanst gjin bal fertroud!

Tekst: Jelle Bangma
Foto's: Anne Waterlander (x-lent)

_AWA4097-2

Guon simplisten tinke dat it sa maklik is: jo traine twa kear wyks, jo rinne de partijen ôf en as jo der by bliuwe, dan komt it fansels: trochbrekke nei it heechste nivo. De echte keatsers witte dat it sa net wurket. Der moatte mear keatsers belies jaan, as dat der op de PC-list bedarje. Yannick Hielkema stie yn 2019 wol op dy list, moast yn 2020 op ‘e tosken bite - krekt as de rest fan keatsleafhawwend Fryslân - en wie der ferline jier net by. ,,Nee man, krekt misrûn… ja, te min punten.’’
 
Hy keatste ôfrûne jier mei fêste maat en opslagger Gerard de Vries en Mark Minnesma. As achterynse hie hy in dûbelfunksje. ,,Mar eins is myn opslach net goed genôch’’, sa moat hy bekenne. ,,As er tusken de linen is, dan is it wol in lestige bal, mar as der dêrnei fiif útfleane, dan hast dêr niks oan.’’  Hij is no op in leeftyd om in nije kar te meitsjen, om sa te besykjen definityf troch te brekken. ,,Ja, dit jier bin ik foarynse en de nije perkmaat wurdt Stephan van der Meer fan Baard. Ik ha der sin oan, begjin maart sille wy los mei de trenings.’’

Staand

‘Bale as wy net twa kear keatse kinne yn in wykein’

As ynwenner fan Bitgummole waard hy posityf testen op it keatsfirus doe’t syn maat Gerben de Vries him der byhelle. Trainer Jan Volbeda learde him dêrnei de keatstechniken. Mar by keatsferiening OKK Bitgum is fansels in protte konkurrinsje en steane jo net samar yn in ôfdielingspartoer. Likegoed, it slagge Yannick twa kear om út te kommen op de Freule. In fyfde priis wie de maks, mar de wille wie der net minder om. ,,Ik train sawiesa hiel graach en ik baal as wy net twa kear keatse kinne yn in wykein.’’ 

Hy is sa stadichoan in fêste wearde yn it ôfdielingspartoer fan de feriening. Dat levere al yn in moaie tredde priis op op it NK Junioaren fan 2018, hy keatste mei Gerard de Vries en Paul Dijkstra. ,,Ja, ik bliuw foarearst trou oan Gerard as myn opslagger, ek yn myn frije formaasjepartoer. Hy kin freeslike rotballen opslaan, dêr haw ik sels ek muoite mei om dy te ferwurkjen, om’t se yn’t lêst by dy weidraaie.’’
 
No’t mannen as Cornelis Terpstra en Johan van der Meulen opholden binne, is it tiid foar de nije generaasje. Mar Bitgum hat fansels ek noch Tjisse Steenstra. Yn 2019 wie de start foar Yannick dêrom ek treflik: in twadde priis op de Bangma-partij yn Weidum, mei Tjisse en Paul Dijkstra. 

Ien krânse út 2021 mei ek noch wol neamd wurde: de winst op de Lytse PC yn Mantgum, mei Haye Jan Nicolay en Germ Epema. Yannick hat noch in stap dien: ,,Ik train de lêste twa jier by de Stichting Score fan Simon Minnesma. Ja, dêr lear ik fan. Ik moat foaral rêstiger wurde yn it perk, net te gretich wêze wolle. Ja, ik wol hiel graach, dat is dúdlik en ik lit der gauris in feestje foar oergean.’’ Dat docht Yannick syn mem trouwens ek: sy hat noch noait in keatspartij mist fan har soan.

Winnaars 2021 Lytse PC yn Mantgum: Yannick Hielkema, Haye Jan Nicolay en Germ Epema   (foto: Lijkle Spijksma)
Winnaars 2021 Lytse PC yn Mantgum: Yannick Hielkema, Haye Jan Nicolay en Germ Epema (foto: Lijkle Spijksma)
Klik op de foto voor meer informatie over Omnyacc
Klik op de foto voor meer informatie over Omnyacc
Klik op de advertentie voor meer informatie over Agrilog Heftruckopleidingen
Klik op de advertentie voor meer informatie over Agrilog Heftruckopleidingen

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers