contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (85)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De Aldehou

‘De Aldehou is de Aldehou net mear’, sa seit Gerrit Okkinga oer de lêste keatspartij fan it jier. In oar seit it op de dei sels, ‘Skriuw mar ris op dat de Aldehou de Aldehou net mear is’. Hear it oan it begjin fan dy noch altiten prachtige partij op Sonnenborgh. Ha der dus in heale dei de tiid foar om der oer nei te tinken. En op wei nei hûs reizget it antwurd neist my yn de auto mei nei hûs.
 
Bin opgroeid mei de nuvere eigenskip by it hearren fan in miening of ‘feit’ altiten yn de holle de fraach te stellen ‘Is dat wol sa?’ Okkinga hat dy miening en komt der net mear. Grutte keatsers as Klaas en Wieb van Wieren fine dat ek, ‘de Aldehou is de Aldehou net mear’ mar komme der noch wol. Eins wurdt bedoeld: de Aldehou is net mear sa as wy fine dat hy wêze moat, dus allinne bedoeld as lêste keatspartij foar mannen.
 
It fjild oan de Bachstraat biedt romte foar twa fjilden. It keatsen fan de froulju haadklassers is hiel lang behannele as in ‘stiefdochter’, ûnder it motto fan ‘toe dan mar, do meist ek meidwaan’. Mar se traine like hurd, dogge der in soad foar. En no hat it bestjoer fan LKC terjochte betocht dy dames ek in Aldehoupartij te jaan, in  poadium te jaan, in poadium om ôfskie te nimmen foar in soad minsken. Fiif dames waarden útwuifd, fiif dames krigen de hannen fan hast alle minsken op elkoar. Mei in waarm gefoel ôfskie nimme, mei in soad publyk, wa gunt it harren net? En wa gunt dit de froulju haadklassers net?

oldehove2021

Of moatte se dat dwaan op in fjildsje tusken Spannum en Hoptille, mei allinne wat famylje en oantroud spul der omhinne? En dat allinne omdat de Aldehou de Aldehou bliuwe moat, in mannenbolwurk. Sjoch, as je it prachtige byld fan Hotze Schuil yn Harns fan Hans Jouta fan de sokkel helje en de Harnzer in rokje oandogge yn it kader fan de emansipaasje, dan kinne je sizze ‘it byld fan Hotze is it byld net mear’.
 
Ek op de Aldehou is de tiid lykas wetter, it glipt je troch de fingers ear’t je de reddingsboei goed en wol oppompt ha. De mins, de keatsers, ha it rjocht fêst te hâlden oan in byld fan in partij sa’t dat yn harren keatserslibben foarm hie. Keatsbestjoerders ha it rjocht in partijformule oan te passen oan de nije tiid. Dogge se dat net, dan kinne se moarn de begraffenis foar de sport wol regelje.
 
Der wienen snein allinne fleskes bier te krijen op it fjild, gjin tapbier. Dy stap nei bier wie yn it ferline al in hiele stap foar LKC. It read fan de arbeiders en it blau fan gjin alkohol hat jierren fia Jan Rodenhuis hearske oer de klup oan de Bachstraat. Jan Rodenhuis soe no sizze: ‘De Aldehou is de Aldehou net mear want der heart gjin alkohol by’.
 
It nuvere is dat just Gerrit Okkinga by syn ôfskie yn 1978 net op de Aldehou stie. Dat die sear, en terjochte, want hy wie net útnoege, krige dus gjin kâns om yn Ljouwert ôfskie te nimmen fan de minsken dy’t hy mei syn keatsen sa fermakke hie. Fansels wie dat skandalich, Okkinga dat earbetoan net jaan.
 
Eins is de Aldehou noch mear Aldehou as yn it ferline. Doe in doarp mei keatsleafhawwers fan de mannen, no twa doarpen. In twalingdoarp fan leafhawwers fan it frouljus keatsen en it manljuskeatsen. En it doarp Aldehou lústert nei de selde wetten as it echte libben. Foarsitter Karel Nijman mei syn dochterke oan de hân, mei in broadsje gehakt yn de hân foar ûnderweis oer it fjild. Tink dat Nijman dat momint foar ivich bewarje woe, de tiid stil sette, mar ek te hastich om dat momint troch te ha. En oer fyftjin jier sil Nijman yn noed sitte oer hoe let de dochter thús komme sil. En wer letter sil hy tinke oan de regel ‘Ik wou dat ik nog een keer met mijn dochter aan het handje lopen kon’ út it ferske Op een mooie pinksterdag.
 
Op de Aldehou bringt it keatsen net allinne sport, mar ek alles wat rûn it keatsen hinget daalt op dy del. It mankélike fan in winter wachtsje fjochtet mei it gefoel fan no de earste tiid mar even gjin keatsen mear. Prate oer keatsen is prate oer it libben en tusken troch ek even nei it keatsen sjen. Klappe foar de keatsers en keatssters. Even in swier sjekje liene fan dy trouwe supporter fan Wytmarsum. Eins ferbean, tsjin better witten yn, mar oan de oare kant ek de eigen lingte fan de tiid ha je net yn eigen hannen.
 
Prate oer juster en hjoed en miskien oer moarn. Want dat lêste kleeft ek oan dizze partij, in bytsje it gefoel fan ‘oare jier sjogge wy elkoar wer oan de Bachstraat’. Teminsten, as de wyn fan it libben ús noch in jier oan de beammen sitte lit. De Aldehou as doarp en lykas elk doarp feroaret ek de Aldehou mei de tiid. Oare ynwenners en nije keatsers, want oer tweintich jier binne der wer oare ynwenners. Ek elk jier wer nei de Aldehou reizgje is net fanselssprekkend. Wês dus bliid en tankber foar elk jier dat je it gefoel wer ha meie fan in Aldehou. Of it gefoel fan in Aldehou winne meie

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers