contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (84)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Gouden Bal

Nea tinke kinnen dat dy grutte foetbal dizze rubryk in wike opskowe litte soe. It sil de koroana west ha, want faak is it foetbal dat oare sporten wat te folle oan kant drukt, krekt lykas it follybal fan Snits. Hoewol lêsten in Westereender trener fan Oostergo yn Ie opstannich rôp fan ‘De fakkel yn dat keatsen, elk jier oan it begjin en de ein te min spilers troch dat mislike keatsen’.
 
It rint nei de ein, noch ien partij en dan kin lykas in boekhâlder de balâns opmakke wurde. Sifers en punten, dat stie yn Marsum sintraal by Dylan Drent. Dat klassemint einlik ris winne en dit jier is syn kâns. Gert-Anne van der Bos hie yn Marsum wol in punt doe’t hy sei  dat it net earlik is mei dy punten. Moatst mazzel of gelok ha om yn in doarp te wenjen mei in goed ôfdielingspartoer. Yn Dylan syn gefal wie dit jier in gelokje, mar ien ôfdielingspartij. Dus dit wie de kâns.
 
It is ek terjochte, want hy wie dit jier fierwei de bêste foarynse en dat wolle je dan foar letter ek werom lêze kinne. En mocht der noch in publykspriis komme dan kin dy ek wol fuortendaliks nei de Harnzer. ‘Je mutte het publiek ook vermaken’, sa sei hy yn Marsum. In Harnzer dy’t it klassemint wint. Je moatte werom nei 1967, sa lang is dat al lyn. En nee gjin Hotze Schuil mar Johan Halbesma, in achterynse sûnder twadde opslach. En tafallich in publykskeatser sa’t der mar in bytsje west ha. Dy wat sjokkende stap, altiten blier yn it fjild, in hiel oar man as Johan Jansen. Want dat wie nei Halbesma de op ien nei lêste dy’t yn 1963 dat klassemint wûn.
 
En Hotze Schuil dan? Yn 1959 wûn Hotze foar it lêst dat klassemint want dy syn grutte tiid lei yn de fyftiger jierren doe’t hy seis kear dat klassemint wûn. Werom nei it no, nei Gert-Anne dy’t it systeem fan it puntenklassemint fanwege dy ôfdelingswedstriden net earlik fynt. Reden foar him om te sizzen dat konkurrint Marten Bergsma eins njoggen punten minder hat, de Bond, mar ek yn Makkum en op de Rengers twa kear bylotte. Mar ja, dy punten telle fansels wol.
 
It is mar in lytse stap dan nei it Klavertje Vier of de Vier Wimpels. Van der Bos wer: ‘Dat seit neat, moatst in bytsje gelok ha’. En ek hjir hat hy wol in bytsje gelyk. Hans Wassenaar is de lêste winner en hy neamde himsels mei in knypeach en hooplik mei de nedige selsspot in ‘legende’ om dy reden. Of nim de Vier Wimpels, ek in momintopname fan gloarje mei no ek de namme Manon Scheepstra der by. Je kinne eamelje oer ferkearde adressen yn it ferline, mar je kinne ek as in ‘drone’ boppe dat ‘gekakel’ yn it hinnehok stean en sizze dat de Vier Wimpels as priis bliid wêze mei dat de namme Manon Scheepstra der by stiet.
 
It wurdt yn de keatssport tiid foar in ‘oeuvre’ priis lykas yn de literêre wrâld in skriuwer de ‘P.C. Hooftprijs’ krijt foar alles wat hy of sy skreaun hat. Lis by it keatsen de grins by 600 of 650 punten, skaf de top tsien priis fan it klassemint dan mar ôf. En neam it de Gouden Keatsbal. En doch dat ek by de froulju. En jou dy earste Gouden Keatsbal dan as earste oan Taeke Triemstra. In earbetoan oan in trochsetter, in fantastise keatser  dy’t troch omstannichheden nei alle betinken Piet Jetze Faber net mear ynhelje sil. En ferjit by de froulju foaral Afke Hijlkema net.
 
Dy Gouden Bal is in moaie, neutrale namme want om der no in namme fan in keatser oan te ferbinen, dan binne wy tsien jier fierder. Tink mar oan de diskúsje oer de titel ‘Kaatser van de eeuw’.
 
En dan as lêste Marsum, stel foar dat sjoernalisten gewoan in oere wachtsje mei it stellen fan fragen oan de finalisten. De golven fan bier binne dan wat sakke, de keatsers sizze dingen dy’t se oars net sizze, binne faak iepener. En as fragensteller hoege je net mei it bier te konkurrearen want dat kinne je nea winne. Heechút hâlde je der in moai byld oan oer, lykas de ‘innige omhelzing’ fan Marten en Dylan. Konkurrinten foar it klassemint, mar boppe dit gebaar hong it buordsje ‘Ik gun it myn maat’. Bier en keatsen, it kin moaie mominten opleverje. 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers