contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (83)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

It Pilske

Wat is der foar in doarpsminske moaier as troch it griene gers fan de kij nei de tsjerke fan Weidum te rinnen. De macht fan de finger fan God bûcht de holle foar it keatsfjild dat oan syn fuotten leit. De Frouljus PC dus, dit jier hiel bysûnder om’t ‘wil en macht’ hân yn hân rûnen. Harmke Siegersma woe just op dizze lêste PC sjen litte wat sy koe en dat slagge yn de heale finale. It wie in berneboek mei as titel ‘Harmkes Tiental’ mei in knypeach nei it berneboek fan Nynke fan Hichtum mei de namme Afkes tiental  en dat sil fêst yn de gloarjetiid fan Afke Hijlkema in kear brûkt wêze.
 
Ek Tineke Dijkstra pakte mei dy heale finale har earste priis nei njoggen kear meidien te ha. Dat wie it doel fan it partoer en harren bêste partij yn de heale finale knakte de spanning fan in spannende finale. Twa kear efter elkoar op je bêst wêze giet tsjin de sportwetten yn. Mar oan de oare kant, oars wie der gjin plakje yn de finale west. Hie tocht dat it partoer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra even in ‘polonaise’ om de tsjerketoer makke hie, mar dat wie net sa.
 
Want as der ien spanning yn de finale bringe koe, dan wie dat Ilse Tuinenga mei har platte ballen ûnder de knibbel of op ankelhichte. De opslach fan Dijkstra-Krol die it goed, mar it gif om te brekken siet der net yn, en dat wisten sy ek. En dus wie it in PC mei mar ien spannende partij en dat is in bytsje foar in hiele dei. Fiif keatssters dy’t ophâlde, it wurdt tiid dat it keatsen werom giet nei ien partij yn in wykein. Twa kear is net mear fan dizze tiid, ek al sille de krânsewinners dêr oars oer tinke.
 
Hâld moed wie op de Jong-Nederlân it motto want it wie in lange dei. Klaas Postma wie healwei njoggenen al op syn post om jûns yn in moai ferslach de minsken fia de site op de hichte te hâlden. Fyn dochs dat der wol talint is, ek al roppe in soad minsken fan net. It Berltsumer partoer, Jari Visser en Redmer Zaagemans fan Wytmarsum, Riemer Hoekstra en Meindert de Jong fan Ie, it trijetal fan Boalsert en fansels Eksmoarre, mar dat wie al bekind. En net te ferjitten René de Haan fan Frjentsjer en dy ferrassende Johan Cnossen en Timen van Gelderen fan Goaiïngea.
 
Huzum hat altiten al myn hert stellen en dat wie no net oars. Dat begjint al by de yngong wêr’t Fokke Pander sit. De soan fan de winner fan 1959 Jaap Pander. Yn it plat Liwwarders want as je op ien plak Liwwarders hearre dan is dat wol by Onderling Genoegen yn Huzum. Prachtich is dat, Jan út de Wâlden mei de filtersigret yn de iene hân en en it pilske yn de oare. Op de Slotdag fan Huzum de man dy’t de prizen útrikke mocht. Noch altiten by myn witten rekôrhâlder fan it priis útrikken mei sa’n 180 prizen yn in oere tiid. Fan ‘druipkaars’ oant waskmand, foar iderien in priis.
 
Huzum is ek de feriening fan de ‘lytse generaal’ Johannes Dijkstra. Yn 2003 noch kening op de PC. No de bestjoerlike tûzenpoat efter de skermen, mei Alinda Kleefstra en ek oaren belangeleas der foar soargje dat oaren keatse kinne. Mear foar it keatsen betsjutten dan al dy minsken dy’t yn it ferline noch wolris krityk hienen op Huzum en syn inisjativen.
 
Je kinne ek nei Huzum sjen mei de klanken fan As time goes by fan Billy Holiday yn de holle. Je moatte betiden goed sjen om te sjen of der op dy karmastersstoel no in Hempenius sit of net. Want de tiid docht syn wurk mei de kwaste. En dat gie ek op foar Bijlsma yn de rolstoel. It hier noch as in wite, tichte boarstel op ‘e holle. Soan Rienk achter de rolstoel mei de fraach of Bijlsma even yn de partytinte fan de media sitte mocht. En as der no ien in eareplakje fertsjinne yn Huzum, dan wie dat wol dit earelid fan Huzum.
 
Ek yn syn holle it deuntsje fan As time goes by. Op syk nei bekinden yn it publyk. ‘Is dat net Jack dêr oan de oare kant by de tillegraaf?’ En: ‘Dy frou dêr, is dat net….’ ‘Welke bedoele jou Pa?’ sa frege de soan.  In pilske mocht Bijlsma eins net ha fan ‘mem’ thús. Dus de soan earst mar om in ijsko út, dat mocht wol. Even letter twa mannen, heit en soan, yn de holle yn de koarte broek fan de jongestiid. Dingen dwaan dy’t eins ferbean wienen, dus in pilske foar heit Bijlsma. Mar ‘mem’ komt aansens ek en dy moat it net sjen. ‘Dan gooie wij het glas onder de tafel, dan siet se it niet’.
 
En ja hear dêr kaam ‘mem’ oan, it lege glês lei al ûnder de tafel. Buorman bea al oan: ‘Oars sis ik wol dat it myn pilske wie’. ‘Mem’ kaam der oan en sei by it groetsjen fan heit Bijlsma: ‘Wat rûk ik, al oan it bier west?’ Ien fan de foargongers fan de ‘lytse generaal’ op in reinige middei even der út, even nei it keatsfjild. Op syk nei de hâldfêst fan bekinden sjen út syn eigen tiid. It wienen der net sa’n soad mear, want ek hjir hie ‘As time goes by’ syn wurk dien.

Balkearder 83

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers