contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (82)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

​‘Mooi triest’

‘Mooi triest’, sa wie de reaksje fan Dylan Drent flak nei ôfrin fan de Van Aismadei. En: ‘De dobbelsteen valt niet altijd op zes’, mei in rojaal ‘Ik was slecht’ der achteroan. De skuld by jesels sykje, dat siert de sportman Drent. Ek al kin je ek sizze dat syn partoer tafallich op it ferkearde momint op it ferkearde plak wie. As oan de oare kant fan it fjild ien alles mei hat, dan is it gjin hegere wiskunde om te begripen dat je sels alles tsjin ha. As ien wat rjocht te setten hat en hy hat syn dei, dan betsjut dat net dat de ferliezers min binne.
 
En it wie net allinne Tjisse fansels dy’t op de Van Aismadei syn dei hie, Renze Pieter Hiemstra wist him mei prachtige retourslaggen oan de opslach te hâlden en op tiid ien fuort te slaan. Hans Wassenaar die itselde oan it front by it perk, elk lyts rotstuitsje wie foar him. En dat foel op it wiete fjild fan Bitgum snein net ta, de stuitsjes wiene noch lytser as de kânsen fan de tsjinstanner. Mar de opslagger eiste de druk fan de partij op en dat skilt wol as perk.
 
Werom nei de man fan ‘mooi triest’, in momintopname fansels want twa stappen letter rjochting partytinte klonk it al ‘Nou eerst maar even aan het bier’. It wie in moai wykein foar ‘mooi triest’, sneons de kening fan de dei, sneins dus in twadde priis mar by elkoar opteld wie it kwa sinten dochs in boppemodaal wykein foar de Harnzer dy’t ek yn it puntenklassemint boppe oan stiet. Hy is in keatser dy’t minsken nei it keatsfjild lûke kin. In boechbyld, prachtich om nei te sjen. De froegere topkeatser Johan van der Meulen wit noch dat hy syn lêste Aldehou mei Dylan wûn. ‘Doe ha ik al tocht, mei dizze wol ik noch wol trije jier keatse’.
 
Kening op sneon en dan steane je as Remmelt Bouma ien kear yn it jier foar de mikrofoan, en dan triuwt de kening fan de dei je yn de rêch mei de wurden ‘Eerst bier hale ju’. Fyn soks grappich, krekt as de wurden ‘mooi triest’. In tsjinstelling want kin tryst moai wêze? It kin ek grappich wêze as je betinke dat de opslaggers sneon kieze moasten tusken Drent en de PC-kening fan dit jier Erwin Zijlstra. In terjochte PC-kening sa fynt iderien op ien nei.
 
In Wâldman sei ris doe’t hy op de seedykster klaai kaam, ‘Je moatte hjir je eigen beam meinimme’ om wat skaad te krijen. Fierder rint in Wâldman op de klaai it gefaar wei te sakjen yn de klaai, mar slimmer wurdt it net. Mar wat as ien fan de klaai nei de bosken fan de Wâlden giet en dat net wend is. Hy hoecht gjin beam mei te nimmen, dy binne der genôch yn de Wâlden. Dan is der it gefaar dat je troch de beammen it bosk net mear sjogge, je binne dat net wend no? En dan kinne je yniens samar roppe dat Gert-Anne van der Bos kening fan de PC wêze moatten hie.
 
Dat mei, dat kinne je fine, elk syn eigen miening mar as je yn in tinte sitte mei ‘pers’ op de foarkant, dan meie de minsken dochs wol ferwachtsje kinne dat je in bytsje in byld jouwe fan de werkelikheid. Fansels hat elk syn favoriten, mar je moatte net oerdriuwe fansels. Miskien komt it dat je as in ferdwaalde seedykster te lang tusken de beammen sitten ha wêrtroch je it bosk net mear sjogge. As Wâldman binne je dy beammen wend, sa as je ek wend binne om net te lang nei in ûndergeande sinne te sjen, dan kleurt dêrnei alles oranje. As Wâldman wolle je dus de seedykster helpe troch him dêr op te wizen want oars wurdt it ‘mooi triest’. Mei as tip dat in tinte mei it buordsje ‘pers’ derop wat oars is as it Holland Heineken Huis, want dêr hat iderien in oranje bril op. 
 
Moarn is de Frouljus PC yn Weidum, moarn binne der ferskate keatssters dy’t foar it lêst harren kinnen sjen litte meie. Fiif froulju hâlde op, mar de tinzen geane foaral út nei Margriet Bakker dy’t no twa kear in PC-finale ferlern hat. As der noch in kâns is foar har, dan is dat wol moarn. Want as der ien opslagger is dy’t de perkspilers it gefoel fan ‘mooi triest’ besoargje kin, dan is dat wol Ilse Tuinenga.
 
Bakker hat in lange wei fan blessueres gien om yn de krite werom te kommen en sy hoopt op dy iene dei dat se alle trije goed binne. Dat is ek wol nedich mei de topfavoriten Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Ek Louise Krol hoopt op de dei dat se alle trije goed binne. ‘Als je iets doet, doe het dan voor de eeuwigheid’ sa sei in heit tsjin syn soan. Mei in bril fan de romantyk op kinne je sizze dat in PC yn keatslân ticht by dy ‘eeuwigheid’ komt.
 
Dus Ilse Tuinenga, doch it moarn foar in ivichheidsmomint fan Margriet Bakker, ôfskie nimme mei de krânse. Draai de wurden ‘mooi triest’ om yn ‘triest maar heel mooi’. ‘Triest’ dus yn de betsjutting fan ôfskie. Dus Louise Krol, jou Harmke Siegersma by har ôfskie ek it gefoel fan ‘triest maar heel mooi’. Lit Harmke dy nuvere oare PC-finale mei migraine út it geheugen weislaan. Jou de konkurrinsje it gefoel fan ‘mooi triest’.
 
En dan binne wy dochs werom by Tjisse Steenstra. Want as der ien keatser yn dit wykein wie dy’t perkspilers it gefoel fan ‘mooi triest’ besoarge, dan wie dat snein Tjisse. En as der ien keatser wie dy’t ‘mooi triest’ omsetten hat yn ‘triest maar heel mooi’ dan wie dat Tjisse. Foar it earst in Van Aismadei wêr’t beppe fanwege sykte net by wie, en dan dy krânse opdrage oan beppe, ‘triest maar heel mooi’.  

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers