contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (80)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Juster

It keatsfjild yn Harns hat de romantyk fan juster. Yn jierren net op it fjild fan KV Eendracht west, moast omride en dat wie de muoite wurdich. Lâns de wei wêr’t yn bettere tiden Trebol oan lei, in lege greft sûnder it driuwende grutkapitaal oan boaten. Links de bolwurken wêr’t Hotze yn syn lêste jierren wenne, rjochts achter Trebol dy ‘volkse’ buert wêr’t no neat mear fan oer is. Dan wol ik wol leauwe dat Wiebe van Dijk sjongt oer Mooie stad aan het wad. Achter de boppe op it fjild, it reade doarp wêr’t de keatsers fan eartiids de earmoede ûntrûnen op wei nei it keatsfjild. Gjin skippen mear dy’t lost en laden wurde moasten mei de hân, de jeneverfles as de ‘dope’ fan doe by de hân.
 
Hotze Schuil, Ids Roukema, Klaas de Jager hingje yn je tinzen noch boppe dat fjild. Der is neat mear fan oer, in pear santigers dy’t it regelje. De ien sei tsjin my ‘Benne jou Lolkama?’ No dan witte je it wol. Moedich stie Age Tigchelaar mei de stok op it fjild. De ‘supervrijwilliger’ fan Harns. Yn it ferline op moandeis steefêst nei de Harlinger Courant om de foto’s want Age stie elke wike wol in kear op de foto as frijwilliger. ‘Ik krij se nou thús’, sa sei Age. Keurmaster, foetbalskeidsrjochter, frijwilliger by de Fietselfsteden, de list is te lang om it allegear op te neamen. Wit net of Age dizze foto ek thús krijt.
 
The Beatles songen ea ek oer juster yn it ferske Yesterday. De tiid dat der noch gjin swierrichheden wiene, sa sjonge se fierder. Moast tinke oan Tjisse Steenstra en de PC. ‘Vertrek Steenstra leidt tot PC-winst’ sa stie der yn in krante. Dan tinke je werom oan juster, bygelyks oan it jier 2017. Tjisse wûn mei it duo Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra trije kear op rige de Van Aismadei. Mei Tjisse trije kear kening.
 
It bysûndere wie dat it duo Van der Bos-Triemstra fan 2010 ôf noch nea dy Van Aismadei wûn hie mei Daniël Iseger. Taeke Triemstra hie der al twa kear wûn, mar nea mei Van der Bos. In geweldige PC-keatser dy Iseger, mar yn Bitgum woe it net. Sake Saakstra en Piet Jetze Faber hienen it selde, geweldich op de PC mar yn Bitgum woe it net. Sy holpen Johannes Brandsma oan in PC, Johannes holp harren oan de Van Aismadei.
 
De earste kear wie yn 2017 en doe stie der ek net yn de kop fan de kranten ‘Gestopte Iseger bezorgt trio Van der Bos winst op Van Aisma’. Dus wêr ha wy it oer, pak de PC-sifers der mar by. Yn 2013 wie it Renze-Pieter Hiemstra syn njoggende PC en hy wie doe 28 jier, like âld as Tjisse no. It wie foar it earst dat Hiemstra de twadde omloop helle!!!!
 
Tjisse hie allinne yn 2015 gjin priis, finales yn 2013, 2016, 2018 en 2019. Lês it noch mar ris oer, minsken mei it geheugen fan hjoed. Pak de finale fan 2016 erbij, de PC fan in geweldige Hans Wassenaar dy’t Dirk Jan de Groot de PC joech. Mar it skilde neat, achteryn en foarbêst op minsken, Herman Sprik útblust bûten it perk, Cornelis Terpstra yn it foarperk. Al yn de heale finale sei Piet Jetze Faber doe: ‘Mei dit perk kin hy de PC net winne’, mar wat skilde it, op 5-4 en 6-6 krekt bûten nei twa sitballen op rige.
 
Johannes Brandsma sei nei fjirtich jier dat hy as bêste keatser fan de trije skuldich wie oan it PC-ferlies fan 1980 en 1981. En net Reinder Triemstra. ‘Ik hie it oernimme moatten’, sa sei hy. En no komme wy by wêr’t ik wêze wol, de PC fan 2017 en 2018 want dy fan 2019 wie in kwestje fan once in a lifetime. Earst nei de krante fan 2017, de heale finale tsjin Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hillebrand Visser: ‘Nu had Steenstra de handen vol om het af en toe broddelwerk van Van der Bos te compenseren. Dat leek te slagen, op 4-4 en 6-6 retourneerde hij tot in het perk. Drie missers later van Van der Bos was het Steenstra die op 6-4 het perk miste.’ Op 5-5 wer twa missers fan Van der Bos, dan slagge je dus yn it lêste spul fiif kear bûten!!!
 
Wy geane nei de PC fan 2018 en tinke oan wat Brandsma sei oer fjirtich jier lyn. In finale tsjin Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden. Nei ôfrin seinen Piet Jetze Faber en Chris Wassenaar beide: ‘It liket wol dat Tjisse allinnich oan it keatsen is.’ Daniël Iseger sei doe, ‘Dy oare beide mannen hienen foar Tjisse stean moatten, him helpe’.
 
En sa bin ik by de essinsje kaam. Wiep van Wieren krige twa kear dien, Johannes Brandsma en Sake Saakstra ien kear. Grutte keatsers dy’t yn alles grut wienen want sy wisten dat it hearde by de stellerij. De frijheid ha om oare maten te sykjen, ek al falt dat net altiten goed. Dus spitich fan sa’n kop, goedkeap. Want Tjisse hie dy PC yn 2018 winne moatten, de twa bêsten fan it partoer mei fiif PC’s hienen doe yngripe moatten. Dus mannen oer fjirtich jier….

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers