contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (78)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

It Skaad

Arjen Bergsma hapte it broadsje gehakt krekt like maklik fuort as broer Marten de perken yn Arum fuorthapte. In leafdefolle heit Johnny Bergsma dy’t yn Arum tsjin Arjen sei ‘Do hast hjoed ek noch hast neat hân’, in understatement as je lústerje nei de toan fan de op oare dagen keatsskiedsrjochter Bergsma. In opmerking yn de kategory ‘Do hast hjoed ek hast noch gjin sitbal jûn’ tsjin broer Marten.
 
It wie in Arum sûnder  tribunes en ek sûnder de glâns fan in generale. Mar de skathâlder by de yngong wie noch altiten like ‘wettig’ as yn oare jierren. Dit jier mei it wetboek fan de corona yn de hân. Trije of fjouwer jier lyn mei de regel dat je oantoane moatte dat je binne dy’t je binne, mei in kaartsje of perskaart. Hiene je dat net, of yn de auto lizze litten, dan werom nei de auto, ek al in hiel ein fierderop.
 
Want der kamen sa flak foar de PC sa folle minsken fan de media, dat se dat wol dwaan moasten. Sa wie doe it ferhaal. Dat sil wol, mar it past net by it keatsen, it makket it allegearre sa ûnpersoanlik. Nim Minnertsgea, dêr moasten je ek wat opskriuwe en de hannen skjinmeitsje, mar ien kear op it fjild, dan stie dêr in keurige Jacob Wassenaar dy’t elk wolkom hjitte.
 
Mar it binne no oare tiden, gjin geëamel oer wa’t Arum… want wy moatte noch in wike wachtsje op dy partij tusken twa tuorren. ,,It is by de PC sa penibel dat ik sels de krânsen fertsjinje moat’’, sa sei foarsitter Ids Hellinga. En dy krânse waard fertsjinne yn it eigen doarp Ingelum en it wie neffens Ids in moai skoft lyn dat hy dêr dy krânse om ‘e nekke hân hie.
 
Ien neamde it ‘creatief boekhouden’ en it moaie wie dat der no sa’n lytse twahûndert minsken mear nei de PC kinne. Jelle Attema is ûnderwilens al wer hast twa wiken frij fan gips en yn trening. Hy sil it yn Seisbierrum en Wytmarsum wer besykje. Eins moat hy sa yn de ‘wedstriidbubbel’ stappe dy’t ‘meester’ Chris Wassenaar efterlit. En as je dat partoer de lêste wiken sjogge, dan is twa partijen keatse koart dei as tarieding. 

Mei Chris op de reservebank, teminsten dan moat Chris fansels al sels ‘werkplaatschef’ by de garaazje Rinsma yn Berltsum wêze sadat hy himsels foar de PC frij jaan kin. Want hy hat al fjouwer wiken frij hân en freed is syn lêste fakânsjedei. En hy hat net yn syn kontrakt stean dat de Scaniamotoren op de dei fan de PC mar even wachtsje moatte. Hiel lang lyn hienen in soad minsken dy ôfspraak wol. Chris soe dan de âldste PC-dielnimmer wurde, âlder dus as Hotze Schuil dy’t yn 1972 noch ien kear meidie, hy wie fan 1924 en waard yn oktober fan 1972 48 jier.
 
En Hotze hie ek noch in plak yn ‘e heale finale. Mei in bytsje in goed lot soe dat Chris ek oerkomme kinne. Want lit de gong wat minder wêze as yn syn grutte tiid, mar ‘As de ballen der wat mear yn binne, dan kinst in hiel ein komme’, sa seit hy mei in ferwizing nei Gert-Anne van der Bos. Hoe dan ek, mocht Chris meidwaan dan kinne ‘De 4 jonges út Ie’ de taksy mar wer bestelle om noch ien kear as supporter fan Chris Wassenaar nei de PC.
 
Want Chris sil de minsken op de hân ha, sa’t hy sels ea boppe alles út te hearren wie op it balkon fan de Bogt as supporter fan Johannes van Dijk. En de minsken op de hân ha kin hiel wat skille op in PC wêrfan net in sinnich wurd is te sizzen. Tink sels dat de perkenbrekker Marten Bergsma der foar soargje sil dat de Harnzer Dylan Drent de opfolger wurdt fan Gerrit van der Heide, de lêste Harnzer dy’t in PC yn 1973 wûn. En ek Hendrik Kootstra is op de wei werom, ek al sil hy sels  heechút sizze dat ‘it wol lekker gong’. In besleine glêzen bol mei it skaad fan Arum dy’t in wike letter wer hiel oar skaad ha kin.   

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers